Jild foar ûndersyk en maatregels Waadfûgelpopulaasjes

febrewaris 1, 2024 08:13

Provinsje Fryslân draacht € 200.000 by oan it projekt ‘Waakvogels’ en € 83.333 oan faze II fan it program ‘Wy & Waadfûgels’. Dêrmei wurde twa program’s foar it berikken fan sûne Waadfûgelpopulaasjes stipe. It jild komt út de kofinansieringmiddels fan it Ynvestearringskader Waadgebiet.

Foto: Provinsje Fryslân

“Provinsje Fryslân draacht graach by oan dizze prachtige programma’s. Se passe goed yn de doelstelling fan it Ynvestearringskader Waadgebiet fan de trije Waadprovinsjes”, seit deputearre Matthijs de Vries, dy’t it Waad yn syn portefúlje hat.

Wy & Waadfûgels
It program Wy & Waadfûgels is troch Fûgelbeskerming Nederlân yn ’e mande mei natuerbehearorganisaasjes ûntwikkele. It is wichtich om yn it ramt fan dat program oanfoljende maatregels te nimmen foar it behâld en ophelpen fan fûgelpopulaasjes. Ynset fan faze twa fan it program is om troch te gean mei it stypjen fan de waadfûgels, mei as doel om foar te kommen dat de populaasjes n0ch lytser wurde. It Nederlânske part fan de Waadsee is noch hieltyd in swakke skeakel fan de East Atlantic Flyway.

Waakvogels
Yn it projekt Waakvogels wurde seis Waadfûgelsoarten oer in lange tiid bestudearre troch it nije ûndersykssintrum BirdEyes fan de Grinzer heechlearaar trekfûgelekology Theunis Piersma. Doel dêrfan is om derefter te kommen hoe’t it mei harren spesifike libbensgebiet steld is. Dy, foar alle soarten ferskillende, gebieten steane ûnder ynfloed fan ûnder mear de efterútgong fan ekosystemen, yntinsive lânbou, yndustry en klimaatferoaring. Dêrneist wurdt kennis opdien oer it effekt fan de maatregels dy’t nommen binne.

febrewaris 1, 2024 08:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.