Jelle Wiersma dochs wer kampioen Frysk damjen

febrewaris 12, 2024 09:09

Ferslach troch Siebren Dyk

Regearjend kampioen Jelle Wiersma hie sneon yn Hartwert in beroerde start, mar hy wraksele him yn ‘e rin fan it persoanlik kampioenskip damjen Frysk spul dochs omheech. By it begjin fan ‘e lêste twa omlopen stie er mei trije oare dammers noch mar in heal punt efter koprinner Marten Walinga. Likegoed krige er oan ‘e ein fan in lange damdei de krânse wer om ‘e nekke, lykas de lêste jierren al hieltyd it gefal wie. Mei-inoar is it no sels al wer de alfte kear dat it kampioenskip nei Jelle Wiersma giet.

Taeke Kooistra (l.) en Jelle Wiersma (foto: Siebren Dyk)

De opgong fan Wiersma hie yn dit kampioenskip in spegelbyld yn ‘e delgong fan Marten Walinga. Nei fjouwer omlopen stie de Waaksenser nota bene op oardel punt foarsprong. Mar ferline wike, yn in ferliespartij tsjin Hein de Vries, wie it omslachpunt al berikt, en de negative spiraal sette him sneon yn ‘e finale yn Hartwert gewoan troch. Yn ‘e sechsde omloop kamen de mannen foarinoar oer te sitten. Wiersma offere yn it begjin in hout, mar dat koe er al gau-eftich wer werom krije. Hy kaam hiel sterk te stean oan syn rjochter kant, en dêr gie Walinga efkes te lakonyk mei om. Hoe’t Wiersma it dêrnei ôfmakke, dat wie in kampioen mear as wurdich.

Wiersma naam mei dy oerwinning de kop oer. Mar dêr stie er net allinne. Tanksij in machtige slach tsjin Henk Haanstra kaam dy oare mannichfâldich kampioen, Taeke Kooistra, op likense hichte. De beide matsjedoaren waarden op dat stuit op in heal punt folge troch Marten Walinga en Hein de Vries, dy’t tsjin Pieter Hoogterp oars net fierder kaam as in remize.

It kaam sa út dat de nije koprinners it yn ‘e sânde en lêste omloop tsjininoar opnimme moasten. De striid gie lange tiid lykop, oant beide nei daam trochbrutsen en Wiersma der krekt efkes geunstiger op kaam te stean. Dat bliek genôch foar de oerwinning, en dus ek foar it kampioenskip. Marten Walinga koe ûnderwilens troch winst op Henk Haanstra noch krekt it twadde plak besette, al gie dat al op wjerstânspunten, want Hein de Vries, dy’t in poerbêst toernoai spile, kaam troch in knappe oerwinning op Siebe Walinga op in selde tal wedstriidpunten. Dat betsjutte wol dat dy oare Walinga degradearje moast, en dat wylst dy ek al sa’n goed toernoaibegjin hie. Siebe Walinga wurdt oars beselskippe troch de Arumer Tsjerk Wijbenga, dy’t in ûngelokkich toernoai spile.

In soartgelikens drama as yn ‘e kampioensklasse spile him ek yn ‘e twadde acht ôf. Ferline wike hie de Lollumer Liuwe Westra dêr de kop naam, mar no ferlear er efterinoar fan Willem Schaap en Bernard Kroon. Schaap gie him dêrmei foarby, en Folkert Groenveld slagge dêr tanksij oerwinningen op Bauke Dijkstra en Dicky van der Meer ek yn. Dy beide meie it takomme jier yn ‘e kampioensklasse besykje.

Yn ‘e tredde acht komt der noch in barraazje, want de koprinners Cor Kooistra en Kees Tijssen wiene beide te sterk foar de Jorwerter Siebren Dyk en de Hamburger Malte Schulz. De pas 17-jierrige Dútser, dy’t him it Frysk damjen op it ynternet eigen makke hat, debutearre oars mei in fjirde plak tige fertsjinstlik.

Utslaggen en einstannen (mei tusken heakjes de wjerstânspunten):
Kampioensklasse, sechsde omloop: Marten Walinga (Waaksens) – Jelle Wiersma (Wommels) 0-1; Taeke Kooistra (Hartwert) – Henk Haanstra (Aldegea-SWF) 1-0; Siebe Walinga (Aldegea-SWF) – Tsjerk Wijbenga (Arum) 0,5-0,5; Pieter Hoogterp (De Gaastmar) – Hein de Vries (Ljouwert) 0,5-0,5.
Sânde omloop: Wiersma – Kooistra 1-0, Haanstra – M. Walinga 0-1, De Vries – S. Walinga 1-0, Wijbenga – Hoogterp 0-1.
Einstân: 1. Wiersma 5; 2. M. Walinga 4,5 (26,5); 3. H. de Vries 4,5 (26); 4. Kooistra 4; 5. Hoogterp (17); 6. Haanstra 3 (16); 7. S. Walinga 2,5; 8. Wijbenga 1,5.

Twadde acht, sechsde omloop: Bauke Dykstra (De Tynje) – Folkert Groenveld (Jutryp) 0-1; Dicky van der Meer (Terherne) – Frans Kingma (Jorwert) 1-0; Liuwe Westra (Lollum) – Willem Schaap (Jirnsum) 0-1; Fedde Wiersma (Easterein) – Bernard Kroon (Blauhús) 1-0.
Sânde omloop: Groenveld – Van der Meer 1-0, Kingma – Dykstra 0-1, Kroon – Westra 1-0, Schaap – Wiersma 1-0.
Einstân: 1. Schaap 5,5; 2. Groenveld 5; 3. Kroon (31); 4. Westra 4 (19); 5. Wiersma (15); 6. Van der Meer (13); 7. Dijkstra; 8. Kingma.

Tredde acht, sechsde omloop: Klaas Wiersma (Nijbeets) – Willem Hoekstra (Aldegea-SWF) 0-1; Hidde de Vries (Langsweagen) – Ype Boelens (Menaam) 0,5-0,5; Siebren Dyk (Jorwert) – Cor Kooistra (Nijlân) 0-1; Malte Schulz (Hamburg) – Kees Tijssen (Reduzum) 0-1.
Sânde omloop: Willem Hoekstra (Aldegea-SWF) – Hidde de Vries (Langsweagen) 0-1; Ype Boelens (Menaam) – Klaas Wiersma (Nijbeets) 0,5-0,5; Kees Tijssen (Reduzum) – Siebren Dyk (Jorwert) 1-0; Cor Kooistra (Nijlân) – Malte Schulz (Hamburg) 1-0.
Einstân: 1. Kooistra en Tijssen 6; 3. Hoekstra 4; 4. Schulz 3 (18); 5. De Vries 3 (16); 6. Wiersma 2,5; 7. Boelens 2; 8. Dyk 1,5.

febrewaris 12, 2024 09:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.