Janna’s fotoferhaaltsjes (7)

febrewaris 9, 2024 08:00 Fernijd

Janna van der Meer makket bysûndere foto’s. Om de twa wiken lit se hjir ien sjen. Se skriuwt der in persoanlike oertinking by.

Wannear libbest dyn bêste libben?

Breidshin (foto Janna van der Meer)

“Iedereen heeft recht op een leven dat past als een op maat gesneden trouwjurk.” Dat sitaat fan Arnon Grunberg stie efter op myn fisitekaartsje, doe’t ik noch manager wie by in grutte ûndernimming. Om it persoanlike karakter fan it bedriuw te ûnderstreekjen, mochten alle personielsleden in eigen motto kieze.

Efterôf stel ik fêst dat ik doe net it libben hie, dat my paste as in op maat sniene troujurk. Ik tocht fan wol, mar myn kar foar dy slogan waard nei alle gedachten troch langstme ynjûn. Unbewust woe ik al wat oars. Unbewust wie ik net gelokkich. Alteast, dat hâld ik mysels foar, want net folle letter fûn ik in nije leafde en oar wurk.

No haw ik tsien hinnen en in hoanne. Oant foar koart wiene se opsletten yn in hok mei in skodoarke. As ik dat iepene, koene se nei bûten: de frisse lucht yn, wjirms ite, it aventoer temjitte. Mar dat diene se net. Wikenlang bleaune se binnendoar, yn it ferfeelsume skimertsjuster.

Oant ik se by de flerken krige en se de frijheid optwong. Fan dat stuit ôf woene se allinne noch mar werom nei it âlde hok om op stôk te gean.
Dit is no harren bêste libben.

Mar betsjut dat dat se earder minder lokkich wiene? En kin it noch better?

febrewaris 9, 2024 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.