Jan Schokker: Uleballen

febrewaris 24, 2024 08:00 Fernijd

Kollum

Sneintemiddei soe ik it hûs yn om kofje te setten, doe’t ik myn âlde kunde fan twa ûlen útlitten sjongen hearde. Gewoanwei slûgje se wat stiifhollich op ien fan ’e pynbeamtûken yn ’e tún fan ús buorlju, mar no hiene dy beide wille as twa oerdwealske mosken yn it sân. As wiene se dronken, sa drok dy twa. Beide hiene in blauwyt sjaaltsje om ’e nekke knope. Dat koe dit wykein dus mar ien ding betsjutte: myn twa net mear sa frjemde fûgels hiene behoarlik karnaval fierd.

Mei in ‘wat is hjir te rêden?’, ferwurde ik myn nijsgjirrigens.
De brune ûle blêre: ‘Efkes nei It Hearrenfean tsjin Ajax west. Wat in fantastysk formidabele fuotbalwedstriid wie dat! Ge-wel-dich!’
‘No no, jimme binne aardich fleurich, dus Ajax hat sels supporters ûnder de ûlen fan Nijhoarne? Hoe is it mooglik.’
‘Wol nee, ûlewapper, de klup fan ús Abe hat wûn. Mei trije-twa, en wat in spanning yn ’e ekstra tiid. Mar se holden it, se holden it!! Fuotbal op syn moaist!’

Och hearken, ik hie it ûnder myn skilderjen troch dy wedstriid bêst folgje kinnen op ús Omrop, mar nea wer oan tocht fansels. Stom, stom, stom. It giet blykber no rap mei myn demintens.

‘Man, wat in spanning. Wat in spanning!’ sei de grize, ‘ik ha gjin neilen mear oan ’e poaten en sjoch skeef fan ’e stress.’
‘Blinders,’ sei ik, ‘wat moai dat jimme derop útgeane, nei sa’n  wedstriid.’
‘Dan moatst witte dat ien fan myn foarâlden doetiids al by dy memorabele wedstriid fan Abe tsjin Ajax west hat, dy mei healwei fjouwer-ien efter en dan mei fiif-fjouwer noch winne. Ik sil dy sizze, jongkeardel, dêr yn dat âlde stadion, dêr tsjin it âlde sikehûs oer, dêr hie ús oer-oer-oer pake in himelske skyboks. Der is gjin minske dy’t dy wedstriid sa goed sjoen hat as ús âldste pake.’

De grize ûle pakte syn sjaaltsje en begûn der ûnder it bolderjen fan it Frysk folksliet sa wyld mei te swaaien, dat de brune nei in beamtûke leger hipte om te besykjen my te antwurdzjen, doe’t ik sei dat ik dat net bot leaude, dat fan dy skyboks.

‘Dy hiene se doe ommers noch net.’
‘Wis wol!’ raasde er, ‘yn in moaie beam oan de westkant fan it stadion, dêr siet ús oerpake syn oerpake yn in pracht fan ûlekast en sa hie er it skoanste sicht op hiel it fjild.’

Wylst de grize nochris in kûplet ynsette fan ’e moaiste hymne fan hiel de wrâld, ferwûndere ik my net foar de earste kear oer dit steltsje ûlen.

‘Sok in entûsjasme foar sok in simpele sport, nee dat hie ik net tocht by jimme. Of spilet der oars wat?’

Dizze moaie brune ûle sei earst in setsje neat. Syn antlit hie nea net folle ekspresje, mar dochs seach ik earne in glimke fan wat stikeme wille. De stille wille fan in betterwitter. Of in libbensgenieter. Noch in tûke neier kaam er op my ta. Hy flústere suver.

‘Gewoanwei bin ik nochal kritysk, moatst witte. Betiden sels slim negatyf, om net te sizzen faak by it depressive om ôf. Mar …, mar … by sa’n evenemint as dit, mei al dat folk op ’e banken, mei al dy heiten en memmen dy’t it net mear hâlde kinne fan ’e spanning, mei  al dy stoere tatoeëarre hooligans dy’t al sa nedich pisje moatte fan ’e opwining en dan dy weach man, dy tsûnamy fan ekskize eufory by it alderlêste fluitsinjaal, de bern dy’t gûle fan klearebare blydskip, dy emoasjes fan ’e sport, dêr libje ik fan. Op sokke mominten fleurje ik op, fiel ik my frij, krij ik pikefel yn elts fearke en op alle ieren, want altyd wer, altyd wer komt dan dy, ast wolst of net, ûntsjinkearbere floed fan triennen by it Frysk Bloed Tsjoch Op! Dat, en dat allinnich, makket my sa ferdomde emosjoneel. Dêr sil ik net oer ûleboartsje, dan bin ik in Stânfries, man, in Fries yn hert en siel. En … yn myn ballen!’

Ja, hallo! Doe waard ik kjel. Net fan syn hjir maklik te ferklearjen lokaal provinsjaal nasjonalisme, mar sa’n wurd as ‘ballen’? Wie dat net wat in te plat wurd fan sa’n in sjike ûle?

‘Frysk? Yn ’e ballen?’ frege ik ferheard.
‘Ja, hast wis noch nea heard fan ûleballen? Myn maat en ik hawwe beide in stikje kaugom opfretten, dy’t ús Pelle, de man fan twa fan ’e trije goals, oan ’e ein fan ’e wedstriid flak foar ús eagen útflibe hat. Dêr kôgje wy dizze hiele wike noch efkes lekker op om, en de earstfolgjende ballen mei dy stikjes gom deryn sette wy foar ivich op sterk wetter, flak foar ús folkseigene ûlespegel. De moaiste dingen yn ’t libben moatst fan alle kanten beskôgje en salang mooglik bewarje.’
‘Ah! Krekt!’

 

 

 

 

febrewaris 24, 2024 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.