Jan Bosgraaf: Friezen om utens

febrewaris 17, 2024 08:00

Kollum

Begjin febrewaris 1899 sette Jacob Zijlstra Hzn. in oprop yn de Provinciale Overijsselsche en Zwolsche Courant, dêr’t er de Friezen yn Swol yn oprôp om op 8 febrewaris jûns nei it Poolsch Koffiehuis te kommen. Oan ’e ein fan de jûn hiene de santjin Friezen om utens, dy’t oan de oprop gehoar jûn hiene, it Frysk Selskip Swol oprjochte. Santjin dagen letter waarden de ‘Rjuchten’ (statuten) fan it Frysk Selskip Swol troch 70 leden fêststeld. Dat gie gâns flugger as it fêststellen fan in koälysje-akkoart en it foarmjen fan in nij regear. Mar dêr wol ik it net oer hawwe.

It giet oer it Frysk Selskip Swol, dat 125 jier bestiet. Oer de hiele wrâld hat der gjin krite bestien, dy’t it sa lang folhâlden hat. Fan de tolve Fryske kriten om utens dy’t der yn Nederlân noch besteane, is it Frysk Selskip Swol de âldste. Dêr binne wy, as Friezen yn Swol en omkriten, tige bliid mei. Eins soene we der ek wol grutsk op wêze meie. Mar dy jas past ús net sa goed. Wy binne minsken fan doch mar gewoan, dan dochst al gek genôch. Wy binne gjin loftfytsers en bliuwe it leafst mei beide fuotten op ’e (Fryske) grûn. Boppedat hat it wurd ek in negative betsjutting. As der fan immen sein wurdt dat er sa grutsk is as it skythús fan Bremen, dan is dat perfoarst net flaaikjend bedoeld. Dêrom binne wy gewoan tige bliid.

De measte Fryske kriten om utens binne oan ’e ein fan de 19e en it begjin fan de 20ste iuw út klearebare earmoed ûntstien. Trochdat de feehâlderij en de lânbou oan ’e ein fan de 19e iuw grutte problemen krigen mei de ôfset fan harren produkten, kaam de Fryske ekonomy yn in krisis telâne, dy’t in emigraasje fan in lytse 35.000 ynwenners fan Fryslân ta gefolch hie. Guon sochten earne oars yn Nederlân in better bestean. Oaren sochten harren heil bûten Nederlân, benammen yn de Feriene Steaten fan Amearika en Kanada. Wy kenne allegearre de ferhalen oer ûnderfiningen fan lânferhuzers, dy’t yn It Wrede Paradys en oare boeken beskreaun binne. It wie skreppen en klauwen om it deistich brea. Earne oars yn Nederlân foel it de Friezen ek net ta om de fuotten ûnder it gat te krijen. Foaral yn de grutte stêden hiene se it perfoarst net as wyn en bôle. It libben wie folslein oars as se wend wiene. Yn Fryslân hiene se faak in grientetúntsje by hûs, yn ’e blikke in geit oan it spit en foar de bern in knyn yn it hok. Yn ’e stêd, yn in rychjeswente of trije heech, koe dat net. Fan ploegetsjinsten hiene de measten noch nea heard. Yn dy tiid wie Fryslân fier fuort en oan de oare kant fan de Atlantyske Oseaan koene de measten har ek net rêde mei de taal. Gjin wûnder, dat guon sa ûnwennich waarden as in kat. As se dan immen moeten dy’t ek Frysk bliek te praten, dan ûntstie der rillegau in petear op de noch altyd bekende wize: “Wêr komst wei?” en “Kenst dy en dy ek?” Faak waard dan in ôfspraak makke om inoar nochris op te sykjen. De memmetaal ferbynt minsken no ienris mei-inoar. Frysk is de taal fan ús hert. En sa ûntstiene der úteinlik bûten Fryslân mear as twahûndert Fryske kriten. Net allinne yn Nederlân, mar rûnom yn ’e wrâld. De earste Fryske krite om utens waard nei alle gedachten yn 1893 oprjochte yn Paterson (New Jersey USA).

Dat barde dus ek yn Swol. De man dy’t dêrta it inisjatyf naam, Jacob Zijlstra Hzn., waard berne yn Jousterp tusken Parregea en Tsjerkwert. Yn Swol hie de man trije winkels yn ‘Koloniale waren en Comestibles’, sa’t in reklameboerd út 1920 ús witte lit. ‘Zijlstra?’, freegje de net sa jonge lêzers har no grif ôf. Wie dat de man fan …? Yndied, de man mei rûnom yn Nederlân winkels mei syn namme. Yn 1966 waarden fjirtich fan de Zijlstrawinkels omtsjoend yn De Gruyterwinkels, bekend fan de slachsin ‘En betere waar én tien procent, alleen de Gruyter’ en it hast legendaryske ‘Snoepje van de week’. Mar De Gruyter miste de omslach nei de moderne supermerk en dêrtroch ferdwûnen dy winkels nei ferrin fan tiid ek út it strjitbyld.

As wy fan ússels sizze, dat we minsken fan ‘doch mar gewoan’ binne, dat wol noch net sizze dat de 125-jierrige skiednis fan it Selskip Swol 125 altyd like evenredich ferrûn. Dat docht bliken út it argyf dat fan de earste dei ôf oanlein en sekuer byholden is.

Yn de earste jierren like it wol as wie ’t in sosjéteit foar manlju. Mei de wurklist of it programma moast koart kriemd wurde, mar mei it kaartspyljen nei ôfrin koe it net lang genôch duorje. De lêsten setten soms tsjin fjouweren yn ’e nacht op hûs ta. Dat wie de froulju min nei ’t sin en it duorre dan ek net lang, of de earste frou hie in sit yn it bestjoer. Oft de manlju doe wol earder op hûs ta setten, neamt de skiednis net. Fan it begjin ôf koene sawol manlju as froulju lid fan it selskip wurde, sa’t yn de rjuchten opnommen is. Nijsgjirrich is lykwols dat yn dy rjuchten ek opnommen is: ’In lid het it rjucht op alle gearkomsten in frommeske mei te nimmen.’ Wat se dêrmei foar eagen hiene, is net dúdlik. Dêrom weagje ik my mar net oan bespegelingen. Fan Friezen wurdt sein, dat hja ‘fan bûgjen frjemd’ binne. Dêr meitsje Friezen yn Swol gjin útsûndering op. Faker as ien kear stapte in bestjoerslid lilk op en ien kear ûnstie der sa’n rebûlje dat it hiele bestjoer opstapte. Yn it ferline wie it wenst, dat de Friezen delegaasjes fan de Grinslanner en Drintske ferieningen útnûgen foar harren toanieljûnen. Oarsom barde dat ek. Op in jûn fan de Grinzer feriening hie de Fryske delegaasje wol reservearre plakken by it toaniel, mar net by it dûnsjen nei ôfrin. Dêr wiene de Friezen bot mei op ’e teannen trape en se giene lilk nei hûs. Is dat fan bûgjen frjemd of koart foar de kop? Oardielje sels! Skriuwers hiene it yn de begjinjierren blykber ek dreech. Sa skriuwt ien fan harren yn it jierferslach: “It baentsje fan skriuwer kin om my stellen wurde!” In oare skriuwer docht ferslach fan in ledegearkomste: “Guon dogge op de ledegearkomste gjin mûle iepen en in pear oaren hawwe de bek yn beide hannen en ik moat alles mar opskriuwe.” Men soe hast begrutsjen mei de man krije. Genôch oer argewaasje en strideraasje. Tiid om it ferhaal fleurich ôf te sluten.

Jierrenlang hie it Frysk Selskip Swol in eigen skotsploech, sjongkoar en toanielploech. It bestean fan de eigen skotsploech heucht de hjoeddeiske leden net mear. It eigen toanielselskip hat it fan it begjin ôf oant yn 1991 folhâlden. En yn 2003 is der, net foar de earste kear, wer in sjongkoar oprjochte, dat folslein selsstannich is en libbet as in hart. Dat jildt ek foar de Keatsklup Swol, dy’t in pear jier lyn mei in moaie keatspartij it 60-jierrich bestean fierde. It selskip sels hie opgeande en delgeande tiden. Bytiden wie it knikkert op ’e kant. Mar elke kear setten it bestjoer en de leden de skouders derûnder en kladdere it selskip wer by de wâl op. Der is altyd nei stribbe om de leden kwaliteit te bieden. No is kwaliteit in rekber begryp en wat de minsken de earste fyftich jier oanspruts, dêr komme se hjoed-de-dei de doar net mear foar út. Mar doe’t it selskip yn de santiger- en tachtiger jierren fan de foarige iuw de wyn goed yn ’e seilen krige, mei as ien fan de hichtepunten de ynskriuwing fan it 500ste lid, wie der hast neat ûnmooglik. De Friezen yn Swol en omkriten koene genietsje fan in grut tal bysûndere foarstellingen en grutte produksjes. Bygelyks de ienmansjo’s fan Rients Gratama en Tryater mei ‘Richard III’ en ‘De feint fan twa masters’. Dy lêste foarstelling spile twa jûnen yn de lytse seal fan stedsskouboarch Odeon yn Swol. Op de earste fan de twa jûnen stie yn de grutte seal in foarstelling fan de Haagse Comedie. Dy gie lykwols net troch, om’t it neffens de haadrolspiler, fanwegen lûdsoerlêst, foar him, as keunstner, net ferantwurde wie om de foarstelling te spyljen. Foaral om it ‘as keunstner’ hiene de Friezen wille. Wat in ferbylding! Hy mei 65 minsken yn de seal, wylst wy twa jûnen hiene mei beide kearen 200 minsken. En boppedat, sa bot gie it der by ‘De feint …’ no ek wer net oan wei. No ja, der wie muzyk by en de spilers rieden op in skûter troch de seal. Mar om dêr no lêst fan te hawwen? Nee! Hoewol it seil nea heger lutsen waard as de mêst, doarst it selskip it yn 1990 dochs oan om it Fryske sjongspul ‘Mata Hari’, mei Rients Gratama en Froukje Schaaf, fêst te lizzen. Sa’n 600 Friezen yn Swol en fiere omkriten hawwe dat bjusterbaarlik barren meimakke. It wiene gouden tiden foar it selskip. Mar al rûn it ledetal sûnt 1988 linkendewei tebek, ek yn de jierren nei it 100-jierrich jubileum, dat grut betocht en fierd waard, hawwe de leden fan it Frysk Selskip Swol noch mannich moaie jûn hân mei bysûndere foarstellingen, lykas ‘Baas boppe baas’, ‘De Emigrant’, ‘Feteranen’, ‘Krimp’, ‘Kredyt’, ‘De man fan dyn libben’, ‘Wat Soesto’ en mannich toanielstik fan Fryske toanielselskippen, kabaret en muzyk. Te folle om op te neamen.

Mar tiden hawwe tiden. It ledebestân fergrizet en de delgong fan it ledetal set troch. Oanwaaks fan jonge(re) leden is der likernôch net. Dêr hawwe hast alle Fryske kriten om utens lêst fan. Of fan it feit, dat (hast) gjin bestjoersleden mear te krijen binne. Dêr hat it Frysk Selskip Swol lokkich gjin lêst fan. Al jierren foarmje de seis bestjoersleden in ienheid yn ferskaat. Op dit stuit hat it Frysk Selskip Swol noch 92 leden. Dochs, of faaks ek krekt dêrom, fiert it selskip op freed 15 maart oansteande it 125-jerrich bestean op feestlike wize, mei optredens fan Gurbe Douwstra en it Frysk Sjongkoar Swol. En nei ôfrin mei-inoar noflik en lekker ite. Ik soe sizze: “Tsjoch! Op de Friezen om utens.”

febrewaris 17, 2024 08:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Kees om van der Beek febrewaris 17, 16:58

    It selskip Swol 125 jier! Jawis, dêr kin men bêst grutsk (dat skythús fan Bremen moai yn Dútslân litte…) om wêze en as ien fan de 12 kriten noch yn Nederlân tige warber. Hulde!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.