Jaap Slager: ‘Ordnung muss sein’

febrewaris 15, 2024 16:22

Blog

Yndiaan © Jaap Slager

– Hast it al heard?
– Wat, jong?
– Fan dy Ingelsman.
– Wat wie dêr mei?
– Dy skille mei syn bank.
– Tsjong!
– En in frommiske naam op.
– Nee, wol?
– In Ingelsk frommiske.
– Moatst ophâlde!
– Nee, want no komt it!
– Ik hâld my de lea stikken.
– Hokker taal tinksto dat se mei-inoar sprutsen?
– Urkidurkysk!
– Nee!
– Klingon?
– Nee!
– Ik jou it oer. Sis it mar!
Ingelsk!
– No ha’ wy de hichte! Mei dat samar? Binn’ dêr gjin regels foar? Kinne alle man en wrâld tsjintwurdich mar dwaan wat it moed har opjout? Wat dogge se dêr eins yn Brussel, de houtene hammer slypje?
– It Ingelân hat neat mear mei Brussel te krijen, ju, sûnt de Brútstap.
– It is ommers ek sa. En no is it dêrsanne ien banneleaze binde. No sjuchst it: de iene flater jaget de oare! Hokker bank wie dat?
– No, hokker bank soe dat no wêze, yn it INGelân?
– Hawwe wy dy hjir ek net? Ik sis dêr fuort myn rekken op! Wat si’ wy no krije?

Mar no sûnder gekheid…
Stel, ik wurkje by in bank … lit ús sizze, yn Ljouwert – ik neam mar in dwersstreek – en ik krij in klant oan it tillefoan(tastel) dy’t allinnich mar Portugeesk prate kin. Soe it net prachtich wêze at ik dy man of frou te reden stean en alles kundich meitsje kin? It wurdt in noflik petear – klant tefreden, ik tefreden, de baas tefreden. Moai, net?
Mar dan spat der hommels in man út it kammenet – sa’n fersnapper fan Ynterne Oangelegenheden dy’t temûk alles en alleman allegeduerigen troch it gat gnúft. Hy skelt my de pochel fol om’t ik my net oan ’e regels holden haw. No bin ik net sa’n regelman. Dat ik sis:
– Ik ken mar ien regel: De klant is kening!
Mar it mantsje leit net fan ien slach en kin wol wikselje:
– Nee, regel ien is: INGelsk prate!
De kop is my gjin jellen lang, dat ik spat op:
– Ach, flean op do, mei dy lullefikaasje! Behein do dy no mar ta de ynterne oangelegenheden en lit de eksterne oan ús oer. Want do kostest allinnich mar jild, wy moatte it fertsjinje!

Hawar, wy hingje inoar sa yn ’t jern, dat op it lêst de baas derby!
En wat seit de baas?
Jimme meie nea wer riede!

As ik it goed begrepen haw, wie der okkerlêsten in hiele diskusje yn it heitelân oer de fraach oft men nei de hân bite mei dy’t jin fiedt. In wakker nijsgjirrich tema fansels. Dat ik skreau dêr in stikje oer – Wa’t swijt… stimt ta – mar brocht mysels, sa’t it wol faker giet, sa op ’e doele mei myn eamelarij dat ik op it lêst net mear wist wat de oanlieding foar it stikje west hie. It einige dermei dat it rûchste part fan it Russyske kanonnefleis nei alle tinken syn ‘dimmekratysk keazen’ lieder noch gjin skop foar de kloaten wurdich fynt. En dochs …
Jawis, it is de baas dat de baas de baas is, want … Ordnung muss sein! … mar hoefier mei soks gean?

 

febrewaris 15, 2024 16:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.