Kin in-vitrofertilisaasje útstjerren noardlike wite noashoarn tefoaren komme?

febrewaris 6, 2024 08:17 Fernijd

In groep wittenskippers is deryn slagge om in súdlike wite noashoarn te befruchtsjen fia in-vitrofertilisaasje (ivf). Dat hat net ta in jong noashoarntsje laat, mar troch dy trochbraak is der wol hoop dat de behanneling nochris, en dan mei sukses, dien wurde kin en tefoaren komt dat dy noashoarnsoarte útstjert.

Foto: Wikipedia/©Hans Hillewaert – CC BY-SA 4.0

Yn 2018 gie Sudan dea, de lêste noardlike wite mantsjesnoashoarn. Sûnt binne der wrâldwiid noch mar twa wyfkes fan dy soarte yn libben, dy’t boppedat ûnfruchtber binne. Undersikers hawwe foar Sudans dea sied heind en bewarre, yn ’e hoop dêr de bedrige bistesoarte mei fan de ûndergong te rêden. Yn in laboratoarium yn Italië is in aaisel fan in súdlike noashoarn út in bistepark yn België befruchte mei sied fan in súdlike noashoarn út Eastenryk. Dat embryo is dêrnei ôfrûne septimber yn in reservaat yn Kenia mei sukses ynbrocht by in draachmem, Curra, ek in súdlike wite noashoarn. Curra stoar nei santich dagen swier wêzen troch in bakteriële ynfeksje. By de autopsy die bliken dat de manlike foetus dy’t it wyfke droech, 6,5 sintimeter grut wie en him goed ûntwikkele. De frucht hie neffens de ûndersikers in kâns fan 95 persint om oan ’e ein fan it swier wêzen libben berne te wurden.

De slagge befruchting jout de ûndersyksploech hoop. “Wy hawwe mei-inoar wat berikt dat net foar mooglik holden waard”, seit de Dútske ûndersykslieder Thomas Hildebrandt fan de ynternasjonale BioRescue-ploech. “It stelt ús by steat om yn ’e kommende twa oant 2,5 jier noardlike wite noashoarnkeallen fuort te bringen.” De folgjende stap fan de wittenskippers is om opsleine aaisellen en sied fan de noardlike wite noashoarn te brûken, leit Jens van Herp fan it belutsen Belgyske bistepark Pairi Daiza út yn it NOS-radioprogramma Met het oog op morgen. Dêr binne al embryo’s mei makke en dy kinne by in oare draachmem ynbrocht wurde. “Se witte no dat de proseduere wurket.”

Van Herp tinkt dat in nij besykjen mei ivf mei faasje útfierd wurde sil. “De ûndersikers wolle gjin tiid ferlieze, omdat se it keal dat berne wurdt yn it bêste gefal noch yn kontakt bringe wolle mei de twa oerbleaune wyfkes fan de noardlike wite noashoarn.” De wurdfierder fan it Belgyske bistepark priizget de ynspanningen fan Hildebrandt om in bistesoarte “út de dea opstean te litten”. “Hy is út neat begûnt. Hy hat syn eigen sonde ûntwikkele: in enoarme stofsûger yn kombinaasje mei in nulle om aaisellen út sa’n tige grut bist te heljen. It fuortplantingsorgaan leit hiel djip yn it bist. Sa’n tastel kin men net gwoan op ’e merk keapje.”

In eventuele berte fan in noashoarnkeal lit hoe dan ek noch wol wat op him wachtsje, fertelt Van Herp, want de draachtiid is sechstjin moanne. Nettsjinsteande syn namme is de wite noashoarn net wyt, mar griis. De namme is ûntstien troch in ferkearde oersetting troch de Ingelsken fan it Afrikaanske wurd ‘wyd’, dat breed betsjut.

febrewaris 6, 2024 08:17 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.