It folksgerjocht yn Bûtenstfallaat (ferhaal)

febrewaris 17, 2024 10:00

Op in sneon tsjin de krystdagen fan 1934 wie der by de slûs yn it buorskip Bûtenstfallaat, oan de westkant fan Drachten, opskuor, en net sa sunich ek. Wa’t net wist dat it de bewenners fan De Wylgen wiene, soe tinke dat der in oarloch útbrutsen wie.

De haadpersoanen
Om dúdlik te meitsjen wat him dêr ôfspile hat, moat ik earst de haadpersoanen fan it gerjocht foarstelle: lânarbeider Geart, 26 jier. Hy wenne dêr by de slûs mei syn frou Geartsje, dy’t wat jonger wie, fierders Roel B., in koloniaal dy’t in lyts pensjoentsje hie, en de eigener fan it hûs, skipper Bonne Bergsma. Dy bewenne it bûtenste diel fan it wenninkje. De trije húshâldingen sieten sadwaande ûnder itselde dak.

Geart en Geartsje hiene inoar kennen leard yn Ald Beets, by deselde boer dêr’t se beide yn tsjinst wiene. En it wie wat wurden tusken harren beide, hoewol’t se frijwat ferskilden. Hy wie wat in skriel mantsje, Geart Pod neamden se him, en sy, Geartsje, wie de sûnde wol wurdich, as jo begripe wat ik dêrmei sizze wol. In foarse frou mei flink wat hout foar de doar. Alles derop en deroan, in kreaze mokkel, dat seagen de jongfeinten doetiids ek wol. Dat se stie foar har houlik al tige yn ’e belangstelling.

Se wiene beide fan grifformeard komôf, al wie der wol wat ferskil. Geart syn folk wie och sa fyn, mar mei Geartsje har folk lei dat wat oars. Dy wennen op ’e heide, hiene in grutte húshâlding en wiene de grouwe kant it neist. Mar ja, it wie de tiid fan de skoalstriid. De Wylgen hie ien skoalle, in iepenbiere. Doe’t Boarnburgum in kristlike skoalle krige, waard der omraak toulutsen om ’e bern. En doe’t it bestjoer fan de kristlike skoalle de heit fan Geartsje mei syn team bern finansjeel temjitte kaam, wiene se gau ta in beslút kommen en giene de klompkes rjochting Boarnburgum.

 

Foto: Utjouwer Nieuwholt Boekhandel Drachten

Yn de tiid fan it folksgerjocht hiene Geart en Kekke (de bynamme fan Geartsje) trije bern. De jongste wie ien jier âld doe’t der danich rabbe waard oer de heit fan de lytste. It berntsje wie de koloniaal út ’e kop snien. It hie noch krekt gjin tatoeaazje op it earmke. Dat Geart it net seach of net sjen woe, wie nuver. Miskien woe er likemin yn krúsbestowing leauwe en betroude er te folle op it sânde gebod.

It pear hie yn ’e simmer fan 1934 al ris in skoftsje útinoar west, want it bûtere net al te bêst tusken dy twa. De ferskillen wiene wat te grut. Mar de heit fan Geart hie it spul wer byinoar krige. Yn ’e buert giene ferhalen rûn dat buorman Roel it plak yn it bedstee al ynnaam sa gau as Geart fan it hiem ôf wie. It plak dêr’t Geart lein hie, wie noch waarm, seine guon. Geartsje sil wol op de tinne muorre kloppe ha, tink ik. De wenninkjes waarden doe net sa best boud mei dy healstiens muorkes.

Geart wie fêste arbeider, en yn dy tiid wiene der noch gjin fytsen mei ‘traapûndersteuning’ lykas no, dat de man moast wol iere betiid fuort. Der gie sels praat dat Kekke him wolris in oere te betiid út it bêd raamde, en dat er dan om trije oere al by de boer foar de doar stie. Dy lei fansels noch efter de bedsdoarren. It gie perfoarst net goed, Kekke woe mear as Geart jaan koe. Moarns betiid derôf en jûns let wer thús, dat jo kinne wol begripe dat er dan wol oan ’e sliep ta wie en net oan har winsken foldwaan koe.

No wie der lokkich in buorman dy’t it wol oan tiid hie. Roel wie in foarse man mei in brune hûd, swart hier en brune eagen. In man fan ’e wrâld, dy’t in soad meimakke hie. Hy hie yn Nederlânsk Yndië west en de froulju mochten him och sa graach lije. Wat frou soe net foar sa’nien falle, as se har gerak net kriget?

Begjin desimber gie it pear útinoar. Geart kaam mei de beide âldsten by syn heit en mem te wenjen. Wat moast er oars, berne-opfang wie der doe noch net en och, tsjintwurdich wurde de bern ommers ek troch pake en beppe opfongen en grutbrocht. En Roel …, dy luts by Kekke yn. It feest koe begjinne.

It folksgerjocht
Mar der kaam ek in oar feest, in inisjatyf fan it doarp. De minsken sprutsen skande oer it hâlden en dragen fan Roel en Kekke en kamen yn aksje, wylst Geart op ’e dyk stie te earmoedzjen. Der wie fan tefoaren fansels ek al drok oer de troubrekster praat en elk hie begrutsjen mei de fersmytling, want it wie in deagoed mantsje.

De manlju út it doarp wiene earst noch wat skruten, want it praat gie dat Roel sjitark yn ’e hûs hie en se woene net in kûgel yn ’e bealch ha. Dat harren striidlust net allinnich út begrutsjen bestie, woene se letter wol tajaan. It gie foaral om de sensaasje. En wat ek meispile, wie, sa’t it sprekwurd seit: In hûn mei in bonke ken gjin freonen. Se dronken harren earst moed yn, hoewol’t der gjin herberch yn De Wylgen stie, koene se wol oan drank komme. Der waard yllegaal jenever stookt, dat der wie op trije adreskes yn De Wylgen en De Smelle Ie wol wat te krijen. Dat se dêrnei omraak begûnen te rachen en te skellen kaam wier net allinnich fanwegen Geart, dat seit himsels. It skom stie ien fan de oanfierders op ’e bek, sei immen. Mei sa’n fyftich man marsjearre de ploech nei Bûtensfallaat. Se sloegen mei pannen en lidden en mei alles wat mar lawaai meitsje koe. De stikken emalje spatten yn it rûn. De froulju sille der letter wol net sa mei ynnommen west ha doe’t se harren pannen werom seagen. It lawaai moat yn Boarnburgum en ek yn Drachten wol te hearren west ha, mar de plysje wie yn gjin fjilden en wegen te finen. Dy sil grif wol op ’e hichte west ha, tink ik.

It wie wol sa’n twa kilometer rinnen nei de slûs op it Fallaat. Se giene earst oer de Poastbrêge en doe oer de ‘houtsjes’. Dat wiene smelle brechjes, planken sûnder leuning eins. Dat der dan ien yn it wetter dondere wie wol te begripen, mar dat lette neat, wol dat syn panne ek fuort wie. Dat hat er dy jûns grif ferantwurdzje moatten. Op it Bûtenstfallaat ûntduts de ploech in pream mei houten peallen. Ideaal as bewapening. Mar dat sjitark fan de koloniaal, dêr sieten se oer yn noed. Ien miende efter it rút al in loop te sjen, dat de skrik sloech him op ’e blaas. De gefolgen wiene deselde as dy fan syn maat dy’t yn ’e sleat sitten hie.

Dochs setten se de oanfal yn, se moasten wol. Mei man en macht en in soad geraas trapen se de doar yn en yn ’e hûs sloegen se alles stikken. Mar wêr wiene Roel en Kekke? Dy sieten op ’e souder. Se hiene de kloft net ôfwachte en hiene it lûk goed beskoattele. “Nei bûten!”, raasden guon. “Nei boppen!”, rôpen oaren. De efterkant fan it hûs wie leech, dat se koene maklik op it dak komme. De dakpannen foelen stikken nei ûnderen. En mei de peallen stampten se de panlatten en it daklear oan spuonnen. Ien fan de mannen hie de pikheak fan de slûs meinommen en dêr koene se Roel mei reitsje. Dy siet mei Kekke en it berntsje efter de skoarstien. “Ast net komst, stekke wy dy lek”, raasde ien. No, doe woene se wol nei ûnderen komme.

Wat der him fierder ôfspile hat, kin wis it deiljocht net ferdrage. Se ha Kekke it berntsje ôfpakt en har net al te sêftsinnich behannele. Sels oantaast en har ûnderein waard mei in bokkepoat yn ’e koaltarre smart. It wie eins by de bisten om ’t ôf wat de manlju diene. Sokke barbaarske tafrielen wiene nei de befrijing yn 1945 ek te sjen.

Roel is mei ûntbleate boppeliif meinommen en tige ôftúgd en se lieten him spitsroeden rinne. Yn optocht gie it troch de Smelle Ie, dêrwei lâns de Muontseleane nei de Heawei en sa werom nei de hoeke. It hat wol in oere duorre. Sels Geart hat syn stientsje bydroegen mei’t er Roel tige mei in grutte peal fan ’e helling op ’e rêch en skouders tichele. Mar it wie in hurdenien, hy joech gjin krimp.

Doe earst griep de plysje yn, mar se ha noch wol in pear amers wetter oer harren hinne krigen.

De justysje
It mûske krige wol in sturtsje by it gerjocht, dat net sa ynnommen wie mei it foar eigen rjochter spyljen. It wie wol nuver dat allinne Geart mar foar it gerjocht komme moast. Hy hie Roel ôfseame mei in peal fan de helling en dat waard him tige slim oanrekkene. It kaam him op in moanne finzenis te stean. En Kekke waard troch de presidint oansprutsen op har frijeleafdeslibben. Dat koe net, allinnich manlju meie bûten de pot pisje. No ja, dat lêste sei er fansels net. De oaren wiene tige swijsum en it ûndersyk moat dêrop fêstrûn wêze. Der wie in leger tsjûgen, want it tsjûgersjild wie mear as in deihier, dat se holden der jild fan oer.

Immen sei letter: “Wy hiene in bus fan Paulusma en op de weromreis stutsen wy yn elk kafee oan en dat begûn yn Ljouwert al. Op Nyegeasterhoeke ha wy de lêsten hân, doe wiene de measten ek goed lam.” Doe’t se oankamen sieten de measten ûnder de banken, krekt as by in skoalreiske. Mar it sjongen fan ‘En we gaan nog niet naar huis, nog lange niet, nog lange niet!’ wie doe wol oer. Want moeder-de-frou wie wól thús, en dat ha guon witten! De deale, guon ha dagen op rantsoen sitten, want de measte froulju wiene it net mei it folksgerjocht iens.

De neisleep
Tusken Kekke en Geart is it letter dochs wer goed kommen. Lokkich mar, de bern binne yn soksoarte gefallen altyd de bloed. In tsjûge moat tsjin Geart sein ha: “No moatst se tenei drachtich hâlde heite, dan giet it jachtigere der wol ôf.” Geart hat dat advys opfolge, want se ha noch in seistal bern krige, dat Kekke koe ruften waskje en Geart wer sleathekkelje.

© Henk F. Hansma, De Himrik

febrewaris 17, 2024 10:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.