ING-bank ferbiedt Fryskpraten

febrewaris 4, 2024 13:55

No’t der yn de neiste omkriten faak gjin bankkantoaren mear binne, moatte wy digitaal of telefoanysk oer banksaken kommunisearje. Troch sintralisaasje kin dat meastentiids net mear yn de taal dêr’t in protte Friezen harren it noflikst mei fiele. Mar sels as soks tafallich al ris in kear kin, dan mei it net, sa docht bliken út de hjirûnder beskreaune ûnderfining.

Achte redaksje,

Fan in goefreon, mr. drs. Fedde Dijkstra (tolk Frysk), krige ik in fragmint fan in petear mei in meiwurkster fan de ING-bank tastjoerd. Hja mocht net Frysk mei him prate. Dat heart as in foarm fan diskriminaasje.

Omdat Dijkstra it tige bannich hat mei it wurk, hat er my frege om dêr ruchtberens oan te jaan en my tastien om kontakt mei jimme te sykjen. Hy liet my okkerdeis witte: “Niiskrekt mei de ING skille. Dêr hawwe wy in rekken en ik hie wat finansjele fragen. Doe’t ik tocht in Frysk aksint te hearren, frege ik de frou oft se mooglik Frysktalich wie. Dat wie se. Mar se mocht fan de ING net Frysk mei klanten prate. Ik haw dat stikje opnommen.”

Hjirûnder haw ik it opnommen petear útskreaun.

Mei freonlike groetnis,

drs. Sytze T. Hiemstra

De ING-bank is wakker dwaande mei in ‘ynklusyf’ imago, mar wol net lije dat meiwurkers yn it Frysk mei klanten prate. Foto: It Nijs

Skriftlike werjefte fan in fragmint út in telefoanysk petear tusken in meiwurkster fan de ING-bank (M-ING) en Fedde Dijkstra (FD).

– FD: […] Dat dacht ik al aan het accent horen. Jo prate gjin Frysk?

– M-ING: Nee …

– FD: Nee?

– M-ING: Ja, dat spreek ik wel, alleen dat mag ik niet spreken aan de telefoon.

– FD: Mar mei klanten dochs wol? Dat is te gek foar wurden.

– M-ING: Ja, nee, Nederlands en Engels zijn de voertalen voor de ING.

Fedde Dijkstra krige yn 2021 in priis fan de Ried fan de Fryske Beweging. Lês dit artikel dêroer. Foto: It Nijs

– FD: Dat is foar my hast in reden om alle rekkens op te sizzen by de ING. As jo Frysktalich binne en jo meie net Frysk mei my prate, dat fyn ik echt hiel slim.

– M-ING: Nee, maar dat heeft ermee ta maken met dat gesprekken eigenlijk worden opgenomen en het kan voor geschillen zijn of voor verbeteringen.

– FD: Ja, dat makket net út, dit is echt diskriminaasje. Punt!

– M-ING: Ja, zo zie ik het zelf niet, hoor.

– FD: Nee, dat snap ik wol, mar ik fyn it …

– M-ING: Nee, dat heeft ermee te maken dat er met gesprekken mee kan worden geluisterd. En, ja, binnen onze organisatie zijn we natuurlijk niet allemaal Friestalig. Dus, dat is de reden.

– FD: Nee, mar dat docht der net ta. Ik wol no gjin Nederlânsk mei jo prate […].

febrewaris 4, 2024 13:55
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Jaap febrewaris 4, 17:20

    Der wurdt yn ‘e Nederlannen ek Frysk praat, dus ‘Nederlânsk’ fyn ik wat in nuver sizzen at der ‘Hollânsk’ bedoeld wurdt – ek as dat fan in offisjele ynterpretearder komt. Mar, toe mar.

  2. Sybren febrewaris 5, 08:55

    Dan is de iennige goede reaksje it opsizzen fan de rekkens bij de ING

  3. Cornelis foar Jaap Knilles as sa. febrewaris 6, 09:16

    Jaap. Wat toe mar. Jo meitsje jo drok om in flaterke yn plak fan it núvere gedrach fan Ing. Yn myn reaksje sitte ek flaters. Jo wolle in flaterleas stikje ha. Frysk is in taal en in taal libbet. Jo wolle skriuwe lykas frysk fan hunderd jier lyn. En dan hinget it ek noch ôf wer je wenje. As ik gewoan wat eamelje kin mei Ing yn’t ‘sprekfrysk’ der gjit it om. En as se mij antwurdtsje wolle yn’t frysk. Der meitsje ik mij net drok om.
    Hjir wer je reagere kinne is’t allehjer ingelsk, mar der meitsje jo jo net drok om. Mar toe mar.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.