‘Het verhaal van Nederland – Oranje Nassau’ docht woansdei Fryslân oan

febrewaris 21, 2024 09:38

Nei it sukses fan Het verhaal van Nederland oer de skiednis fan Nederlân dûkt it Het verhaal van Nederland – Oranje Nassau yn de skiednis fan it Hûs fan Oranje-Nassau. Fan de earste Nassaus dy’t foet setten op Nederlânske boaiem yn Breda, oant kening Willem-Alexander. Yn in achtdielige telefyzjerige by de NTR op NPO 1, nimt ferteller Daan Schuurmans de sjoggers mei by de hichte- en djiptepunten fan de Oranje-dynasty. Hy giet nei alle plakken fan betsjutting en komt somtiden midden yn in drama op. Dêrneist wurdt syn fertelling kombinearre mei kommentaar fan saakkundigen.

Byld: NTR

Nei Fryslân
Yn ôflevering 4 ‘Van goede naam en faam’ (promoasjefilmke), fan 21 febrewaris 2024, giet it ferhaal nei Fryslân, dêr’t de famylje Nassau-Dietz de Oranjeline fuortset nei it ferstjerren fan kening-stêdhâlder Willem de Tredde. Ut Ljouwert wei besykje se de goede namme fan harren Oranjefoargongers heech te hâlden en it stêdhâldersskip oer hiel Nederlân te bemachtigjen. Oan dizze ôflevering hat dr. Hanno Brand, histoarikus by de Fryske Akademy, syn meiwurking ferliend.

Prinsessehof
De rige giet roch 600 jier skiednis, docht de Oranjestêden Breda, Delft, De Haach, Buren en Apeldoarn oan. Der is draaid op bysûndere lokaasjes lykas de ymposante Oranjeseal yn paleis Huis ten Bosch, it wenferbliuw fan Willem-Alexander en Máxima. Ek Paleis het Loo hat syn doarren iepene om as lokaasje te tsjinjen foar de searje, lykas Paleis Soestdijk en it Prinsessehof yn Ljouwert.

Podwalks
Yn acht podwalks fan Het verhaal van Nederland – Oranje Nassau nimt Daan Schuurmans kuierders mei werom yn de tiid. Nei it plak dêr’t de Oranjeskiednis ta libben komt en dêr’t it allegearre barde: it ûntstean fan de Oranje-dynasty oant de hjoeddeistige tiid mei Kening Willem-Alexander op de troan. De podwalks binne allinne te beharkjen op lokaasje (fia de app Het verhaal van Nederland). Men kin kuierje troch it histoaryske sintrum fan Ljouwert, by de forten fan Den Helder del of harkje hoe’t it libben wie op it Kastiel fan Breda.

Utstjoering: woansdei 21 febrewaris om 20.30 oere by de NTR op NPO 1.

febrewaris 21, 2024 09:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.