Grinzer Museum op 25 febrewaris 150 jier

febrewaris 23, 2024 08:18 Fernijd

It Grinzer Museum bestiet op snein 25 febrewaris 2024 150 jier sûnt de oprjochting. Yn 1894 iepene it museum syn doarren foar it earst as it ‘Groninger Museum van Provinciale Oudheden’, yn in nagelnij gebou oan de Praediniussingel yn Grins, ûntwurpen troch Ryksboumaster C.H. Peeters.

Utstallingsseal fan it Grinzer Museum om 1920 hinne (boarne: Groninger Museum)

It museum is ûnderwilens alwer tritich jier fêstige yn it ikoanyske gebou dat ûntwurpen is troch Alessandro Mendini, en is in ûnmiskenber skaaimerk fan de stêd Grins wurden. Om dy spesjale gelegenheid te fieren, steane der dit jier ferskate aktiviteiten op it programma.

Foto: © Erik en Petra Hesmerg

Feestje! Taart mei bern fan de JuniorClub
In jierdei moat fierd wurde. Dêrom wurdt foar de JuniorClub op freed 23 febrewaris in spesjale aktiviteit organisearre. Gjin feest is folslein sûnder taart, dus de bern krije ek in gebakje. Boppedat krije nije leden fan de klup in kado. Bern binne de besikers fan de kommende 150 jier en dêrom wurde dy ekstra yn it sintsje set.

Efter de skermen
Fan freed 29 maart ôf krije besikers de kâns om efter de skermen fan it museum te sjen by de útstalling Groninger Museum 150 jier – Behind the Scenes. Dy eksposysje ûntbleatet de geheimen dy’t gewoanwei foar it publyk ferburgen bliuwe. Hoe ûntstiet in kolleksje en hoe wurde keunstwurken konservearre? Hoe wurde se yn it museum presintearre?

‘Lentetuin’ fan Vincent van Gogh, Grinzer Museum (foto: Marten de Leeuw)

‘Lentetuin’ foar it earst wer te sjen
Yn 2020 waard it keunstwurk ‘Lentetuin, de pastorietuin te Nuenen in het voorjaar’ (1884) fan Vincent van Gogh stellen út it Singer Museum yn Laren. Ta grutte freugde waard it keunstwurk yn 2023 weromfûn. Nei ûndersyk troch retaurateur Marjan de Visser yn Depot Boijmans Van Beuningen yn Rotterdam, is it einliks wer te bewûnderjen yn ’e útstalling Groninger Museum 150 jaar yn it Grinzer Museum.

Groninger Museum 150 jaar – Behind the Scenes is fan 29 maart 2024 ôf te sjen.

febrewaris 23, 2024 08:18 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.