Grinzer Museum jout mei nije útstalling ynsjoch efter de skermen

febrewaris 3, 2024 08:09 Fernijd

Wat komt der allegearre by it opsetten fan in útstalling te sjen? Groninger Museum 150 jaar – Behind the Scenes jout besikers ynsjoch efter de skermen fan it museum. Dat en mear is te ûntdekken ta gelegenheid fan it 150-jierrich bestean fan it Grinzer Museum. De útstalling is fan freed 29 maart ôf te sjen.

Utstallingsseal fan it Grinzer Museum om 1920 hinne (boarne: Groninger Museum)

Efter de skermen
De útstalling bringt alles dat normaal net foar besikers te sjen is oan it ljocht. Hoe komt in kolleksje ta stân en hoe wurde keunstwurken konservearre? Hoe wurde se ferfierd en hoe wurdt dat yn it museum presintearre? Dy fragen wurde net allinnich beäntwurde, besikers kinne yn Behind the Scenes sels meidwaan. De útstalling is ynteraktyf en freget ek wat fan it kreatyf fermogen. Sa kinne besikers sels bepale hokker list se it moaist om in keunstwurk fine of hokker beljochting dêr it bêste by wurket.

‘Lentetuin’ foar it earst wer te sjen
Yn 2020 waard de ‘Lentetuin’ fan Vincent van Gogh út Singer Museum Laren stellen. Ta grutte freugde kaam it keunstwurk yn 2023 wer boppe wetter. Nei ûndersyk troch restaurateur Marjan de Visser yn Depot Boijmans van Beuningen yn Rotterdam is de ‘Lentetuin’ yn Behind the Scenes wer te bewûnderjen yn it Grinzer Museum.

150 jier Grinzer Museum: hoe’t it begûn
It Grinzer Museum ûntstie goed 150 jier lyn yn in keammerke fan it Grinzer provinsjehûs. Doe wie dat noch in lytse kolleksje mei ferskate nuveraardichheden. Yn 1894 iepene it Grinzer Museum fan Provinsjale Aldheden echt de doarren oan de Praediniussingel. Wa’t no Grins ynkomt, kin net om it kleurrike en opfallende gebou yn it wetter hinne. Sûnt 1994 neamt it Grinzer Museum it troch Alessandro Mendini ûntwurpen gebou syn thús. Underwilens is it gjin lyts keammerke mear, de kolleksje bestiet no út goed 60.000 stikken, en alle jierren bringe mear as 200.000 minsken in besite oan it museum.

Groninger Museum 150 jaar – Behind the Scenes is fan 29 maart 2024 ôf te sjen.
febrewaris 3, 2024 08:09 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.