Grinzer Fedde Kramer reuzedeader by Frysk damjen

febrewaris 23, 2024 09:24

By it damtoernoai Fryslân Open yn Frjentsjer wie juster in wol tige ferrassend optreden fan Fedde Kramer. De Grinzer hie it de earste deis mei twa oerwinningen al net min dien, mar juster wûn er sels alle trije partijen. En dat wylst er him yn ’e Fryske fariant fan it damspul eins noch nea op in belangryk toernoai sjen litten hat.

Foeke Tiemensma (l.) en Fedde Kramer (foto: Stifting WFD)

Nei’t er him yn de fjirde en fyfde omloop fan ’e dochs tige sterke Friezen Cor Kooistra en Hein de Vries ûntdien hie, wachte him de wiere masterproef tsjin de persoanlik Frysk kampioen Jelle Wiersma. Kramer spile in skerpe iepening, dy’t Wiersma al ier yn it spul neutralisearje miende te moatten. De striid gie dêrnei lange tiid lykop, oant Kramer yn in stân fan seis om seis in ferbjusterjende kombinaasje op it boerd tsjoende. Kramer joech Wiersma in wolf en offere twa houten, en dêrnei makke er gebrûk fan de regel dat wolfslach by it Frysk damjen foargiet. Wiersma hold dêrnei noch mar ien skiif oer, en joech him planút wûn.

Wiersma hie dêrfoar ek al fan Taeke Kooistra ferlern. Mei in punt foarsprong like dy sa it toernoai maklik op syn namme skriuwe te kinnen. Mar dêrby rekkene er bûten de pleatslike favoryt Foeke Tiemensma. Mei in subtile finesse bruts dy yn it einspul troch nei daam. Omdat Tiemensma op syn bar it ferlieze moast fan Wiersma, kaam it der by eintsjebeslút op del dat der no nei seis omlopen trije koprinners binne: Kooistra, Tiemensma én Kramer.

Łukasz Kosobudki (l.) tsjin Ties Slagter (foto: Stifting WFD)

Fan de bûtenlanners spile de Poal Łukasz Kosobudki benammen net swak by. Hy wûn fan Piet Sikma en fan de sterke Brabanner Ties Slagter en hat no 3,5 punt. De Tsjechyske Petra Dušková folget him op in heal punt. Hja wûn fan ’e Belch Patrick Casaril en fan de Arumer Tsjerk Wijbenga. Dat lêste mei in fraaie kombinaasje, wêrnei’t se de partij mei deeglik spul nei har ta luts.

Sjoch ek:
Twitch: www.twitch.tv/checkersonlinetv
YouTube: www.youtube.com/channel/UC6QAafD28ps9NZJGabgcYMg (ferslaggen troch Damian Reszka)

www.frisiandraughts.com -> LIVE
www.lidraughts.org (mei analyzen)

Stân en resultaten:
toernooibase.kndb.nl (‘Alle toernooien’ -> Frysk Spul -> Fryslân Open 2024, en dan ‘Alle uitslagen’ )

Algemiene ynformaasje:
www.frisiandraughts.com -> Tournaments -> Fryslân Open -> FO-2024

febrewaris 23, 2024 09:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.