Gjin skôging mar in warskôging!

febrewaris 1, 2024 12:45

Ynstjoerd

Boarne Wikimedia Commons

It automerk Kia is yn 2023 oerstapt op in oare leveransier foar de navigaasje. Dy (ynboude) navigaasje dy’t nei alle gedachten fan TomTom komt, is foar it brûken yn Fryslân striemin. En dan behein ik my net ta it brûken fan ús offisjele plaknammen. Heale oant hiele doarpen binne net te finen. Guon adressen kinne allinne mar fia de postkoade en dan ek noch allinnich op ’e kaart fûn wurde.

No haw ik troch de jierren hiel wat rûteplanners besjoen, mar soks haw ik noch nea earder meimakke. By myn proeven hie/haw ik my beheind ta de provinsje Fryslân.

Mochten jo in Kia mei ynboude navigaasje keapje of update wolle, dan is it winsklik om net allinnich in proefrit te meitsjen, mar om dy navigaasje ek yngreven te testen. Hawwe jo dy navigaasje nedich foar jo wurk yn Fryslân, dan soe ik noch mar ris efkes om my hinne sjen!

Cor Jousma
towufrysk@knid.nl

febrewaris 1, 2024 12:45
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Pieter de Zwart febrewaris 3, 15:31

    De measte ynboude of losse navigaasjesystemen binne in drama. Lokkigernôch binne der yn de foarm fan in app goede alternativen lykas Waze. Waze brûkt altyd de offisjele plaknammen en sawol de app as de navigaasjestim is yn it Frysk beskikber. Myn tip by de oanskaf fan in nije auto soe wêze: keapje in auto mei Apple CarPlay en/of Android Auto, dan kinne je Waze fia de telefoan op it ynboude skerm fan de auto brûke.

  2. Cor Jousma febrewaris 5, 13:02

    Bêste Pieter,

    Soesto hjir wat útlis jaan kinne oer de reklame ûnder it riden?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.