Gerjochtshôf Ljouwert set fertochte en beneidielde partij ûnder (taal)druk

Febrewaris 29, 2024 12:22

mr.drs. Fedde B. Dijkstra (eigen foto)

Salang’t der gjin oplossing is foar it tolkeprobleem (de fergoeding fan tolken by rjochtsaken), rinne de minsken dy’t yn de rjochtseal Frysk prate wolle, de kâns dat se ûnder (taal)druk set wurde. Die die juster mar wer ris bliken.

Juster spile yn Ljouwert in rjochtsaak yn heger berop oer in kwestje fan trije jier lyn. It skeel wie ûntstien trochdat in autorider (de fertochte) oan in ferkearsregeler (de beneidielde) yn it Frysk frege oft in stek efkes oan ’e kant koe om syn auto mei syn ynfalide frou deryn troch te litten. Dat moast yn it Nederlânsk frege wurde, woe de regeler hawwe, want hy ferstie it net. De autorider woe dat net en gie syn eigen gong. De beide manlju wiene deilis rekke en dat hie materiële skea meibrocht, dêr’t de ferkearsregeler in fergoeding foar easke. De autorider wie yn heger berop gien.

By de sitting fan juster wie elkenien Frysktalich, op de beneidielde nei. Taalkundige Pieter Duijff hie tolkje sillen, mar dy hie him koart foar de sitting siik melden. Dêrom wie troch it tolkeburo fan it Iepenbier Ministearje (IM) besocht om in oare tolk ree te finen. Fangefolgen wie der in tolk mei de heechste kwalifikaasjes, in C1-registertolk, oanwêzich. Dat wie mr.drs. Fedde B. Dijkstra. Dy siet lykwols op de publike tribune omreden fan in oare kwestje: it tolkeprobleem. De tolkefergoeding is tsjintwurdich gjin fêst bedrach. Tolken meie neffens it ‘Beslút tariven yn strafsaken’ oer de fergoeding mei it IM ûnderhannelje. Dat woe it IM net, dat Dijkstra tolke net. Sadwaande waard de wet oertrêde dy’t foarskriuwt dat in registertolk ynset wurde moat, as dy beskikber is.

Yn stee fan it ynsetten fan in tolk, waarden fertochte en beneidielde partij ûnder (taal)druk set. De fertochte waard frege om op de sitting net yn it Frysk te praten. De foarsitter fan it hôf sei fan advokaat Van der Goot fernommen te hawwen dat as in prosesdielnimmer it Frysk net ferstean koe, syn kliïnt (de fertochte) ree wêze soe en praat Nederlânsk. Dat wie nij foar Van der Goot. Dy frege oft er efkes mei syn kliïnt yn de hal prate koe. Dat mocht. Doe’t se werom kamen sei er dat syn kliïnt prinsipieel is as it giet om it brûken fan it Frysk. De foarsitter sei dat de sitting dan net trochgean koe. De fertochte joech ûnder dy (taal)druk belies en prate Nederlânsk.

Advokaat Van der Goot liet lykwols witte dat de fertochte syn lêste wurd perfoarst al yn it Frysk dwaan woe. De foarsitter sei dat, as de beneidielde dat net ferstean koe, soks wetlik net mocht. Nettsjinsteande dat frege er de beneidielde oft dy dermei akkoart gean koe as de fertochte syn lêste wurd yn it Frysk wêze soe. De beneidielde partij waard dêr allyksa mei ûnder (taal)druk set. Om’t er fan de saak ôf woe, stimde er by einbeslút dochs mar ta. Beide partijen waarden sadwaande troch it gerjochtshôf yn harren (taal)rjochten tekoart dien.

Febrewaris 29, 2024 12:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.