Gabrielle Terpstra: Terapypop yn Ljouwert

febrewaris 5, 2024 08:00

Skôging

Op 2 febrewaris gie yn de Alde Ambachtsskoalle yn Ljouwert de nije foarstelling Lets Get Mental fan Douwe Dijkstra yn premjêre. Douwe Dijkstra is poadiumkeunstner en stie earder troch it hiele lân op ’e planken mei in muzikale Necropop-foarstelling oer de dea. No rjochtet er him op in nij sjenre, nammentlik terapypop.

Dijkstra studearre psychology, mar hat ek in soad ûnderfining yn it folgjen fan terapy. Hy woe syn ûnderfiningen diele mei it grutte publyk en docht dat yn de show Lets Get Mental, dêr’t er it publyk yn meinimt op in terapeutysk trajekt. It begjint mei de intake fan de terapy en dêrnei komme yn muzikale foarm alderhande soarten fan terapy foarby. Sa wurdt der bygelyks songen oer skematerapy, oxazepam en EMDR.
Under in stevige beat behannelet er faktermen út de psychology, dy’t er útleit oan ‘e hân fan foarbylden fan klachten dy’t minsken yn terapy ûnderfine.

Douwe Dijkstra. Foto: Jos Blomsma

De show is spannend, boartlik en út en troch pynlik op it rântsje ôf, mar dat is ek de sjarme fan Douwe Dijkstra. Trochdat er syn eigen ûnderfining ynset, fielt it net as soe er de gek mei psychysk kwetsbere minsken hawwe, mar earder as treast.

Al mei al makket de foarstelling de swiere ûnderwerpen dy’t oan ’e oarder komme luchtich, just troch de grins op te sykjen. Nei de show fielde ik my hielendal mentaal suvere en klear foar nije mentale útdagingen.

In suksesfolle premjêre, dy’t ûnder oaren in ferfolch kriget op de Swarte Cross yn Lichtenvoorde en by Oerol op Skylge.
Ik jou dizze show 4.5 stjerren.

febrewaris 5, 2024 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.