FryslânDOK: ‘Wat is der bard yn Tarnowiec?’ (diel 1 & 2)

febrewaris 2, 2024 08:14 Fernijd

Johannes Koopmans waard as twangarbeider oan it wurk set yn Dútslân. Yn 1945 kaam er werom as in brutsen man, noch mar 22 jier âld. Oer wat er dêr meimakke hie waard nei de oarloch net mear praat. Syn soan Gerk is no sels hast santich en beslút om op reis te gean nei it eardere Dútsk-Silezië om syn heit postúm better kennen te learen. Want hy freget him noch hieltyd ôf: wat is der bard yn Tarnowiec?

Byld: Omrop Fryslân

Frijwillich nei Dútslân
Johannes, ropnamme Joop, wurke fan syn fjirtjinde ôf as magazynwurker by Koopmans Meelfabrieken yn Ljouwert. De direksje kriget yn 1942 de opdracht 10% fan it personiel beskikber te stellen foar wurk yn Dútslân. Joop wurdt ek selektearre foar de Arbeitseinsatz. Hy is dan noch mar 19 jier âld. Om foar te kommen dat syn bruorren nei Dútslân moatte, ferset er him net. Yn Breslau wurdt er oerdroegen oan Willi Riegel, de eigener fan in houtfesterij yn it doarpke Tarnowiec, djip yn de bosken fan Silezië. It liket allegearre bêst regele, ynklusyf arbeidskontrakt mei fertsjinsten en rjocht op ferlof. Mar de werklikheid blykt hiel oars te wêzen.

Rjochtleaze slaaf
As der gjin goedkarring komt foar in pear wiken ferlof mei de krystdagen, docht bliken dat de tsjinstbetrekking eins slavetsjinst is. Joop en syn lotgenoat Jopie beslute dochs om mei de trein nei Nederlân te reizgjen, mar wurde by de grins oppakt. Nei seis wike sel yn ferskate finzenissen komt Joop op de houtfesterij werom. Fan dan ôf hearsket der in oar rezjym en wurdt Gerk syn heit as rjochtleaze slaaf behannele. “De ferskrikkingen hawwe foar ús heit duorre fan de maitiid fan ’43 oant begjin ‘45”, sa fertelt soan Gerk. “Doe kaam it Russyske leger hieltyd tichterby en is Silezië beset. Us heit hat yn dy tiid de houtfesterij ferlitten, bang om fermeald te wurden yn it oarlochsgeweld dat fan Silezië yn dy dagen in hel op ierde makke.”

Tegearre nei Tarnowiec
Gerk kaam geregeld yn konflikt mei syn heit. “As linkse studint fûn ik him rjochtlinich en konservatyf. It sette ús ferhâlding op skerp”. Doe’t Gerk as tritiger in baan krige by it Frysk Fersetsmuseum, brocht harren dat tichter byinoar. “Ik krige de kâns om foar in stúdzjereis nei Auschwitz te gean, ticht by Tarnowiec en ús heit woe graach mei. Spitigernôch koe dat net, mar it siedsje is plante: wy soene in kear tegearre gean. It is der nea fan kommen, Joop kaam yn 1987 by in ferkearsûngelok om it libben. “Nei de begraffenis kaam ik der efter dat er ús reis al oan it organisearjen wie”, fertelt Gerk. “Yn syn neilittenskip fûn ik brieven en foto’s út de tiid dat er twangarbeider wie. Der gie in wrâld foar my iepen.” No, tachtich jier letter wol Gerk mei eigen eagen sjen wat syn heit meimakke hat. Want dy fraach stelt er himsels noch hieltyd: wat is der bard yn Tarnowiec?

Dokumintêremakker Gerard van der Veer reizget mei Gerk Koopmans nei it easten en leit de syktocht fan de soan dy’t tichter by syn heit komme wol fan tichteby fêst. De film is ta stân kommen mei in bydrage út it Fonds Bijzondere Journalistieke Projecten.

Besjoch de trailer.

FryslânDOK ‘Wat is der bard yn Tarnowiec?’
Diel 1: Sneon 3 febrewaris NPO2 om 15.30 oere – Snein 4 febrewaris Omrop Fryslân om 17.00 oere;
Diel 2: Sneon 10 febrewaris NPO2 om 15.30 oere – Snein 11 febrewaris Omrop Fryslân om 17.00 oere.

febrewaris 2, 2024 08:14 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.