Fryslân ûnder betingst akkoart mei opheging Fryske wenôfspraak

febrewaris 13, 2024 08:22

De minister foar Folkshúsfêsting en Romtlike Oardering freget Fryslân om de wenningbou-opjefte mei 3000 wenningen te ferheegjen. De provinsje hat dêr posityf op reagearre, mar stelt wol betingsten om mei gemeenten goede ôfspraken te meitsjen oer de realisaasje fan dy oantallen. De wenningbou-opjefte is sûnt it sluten fan regionale wenôfspraken troch it Ryk, provinsjes en gemeenten oprûn.

Foto: Provinsje Fryslân

Deputearre Steaten litte de minister witte earst sels mei gemeenten yn petear te gean oer hoe ynfolling te jaan oan de winske 3000 ekstra wenningen, boppe-op de al oerienkommen 17.700 wenningen yn it ramt fan de Fryske Wendeals oant 2030. Mei de realisaasje fan 4000 wenten yn 2022 en 2023 rint Fryslân op dit stuit goed op skema. Deputearre Sijbe Knol: “Wy begripe de winsk fan de minister, mar wize der wol op dat realisaasje yn de faasje oant no ta, in útdaging wêze sil. Oprinnende kosten yn de bou en de hegere rinte yn kombinaasje mei druk op it gemeentlik apparaat jouwe wol soargen. In ekstra fraach moat net allinnich in papieren eksersysje wêze, mar freget soarchfâldich oerlis mei Fryske gemeenten.”

Yn de brief oan it ministearje wiist de provinsje op in soarchfâldige ôfwaging yn it ferdielen fan de ekstra wenningen. Grutskalige wenningboulokaasjes hawwe dêr net de foarkar by, mar de ekstra opjefte moat lânje, sawol yn it stedsk potinsjeel as yn de Fryske doarpen. Dêrneist freget de provinsje om ekstra mooglikheden om ynwenners mei in sosjale of maatskiplike bining foarrang te jaan by de tawizing fan beskikbere wenten. De provinsje sinjalearret ek in oprinnend tekoart by de ynvestearringskapasiteit fan Fryske wenningkoöperaasjes en freget dêr spesifike maatregels foar.

By eintsjebeslút skriuwt deputearre Knol – dy’t neist wenjen ek romtlike oardering yn syn portefúlje hat – dat as de wenningbou-opjefte hieltyd mar oprint, it wichtich is om goed nei te tinken oer hoe’t wy mei mooglike takomstige opjeften omgean sille. “As wy kear op kear te meitsjen krije mei ekstra opjeften, dan moatte wy in romtlike kar meitsje dy’t ek rekken hâldt mei it karakteristyk Fryske lânskip. Yn dy kontekst, en ûnder de betingst dat de provinsje earst yn petear giet mei gemeenten, hawwe Deputearre Steaten yn begjinsel posityf op it fersyk fan de minister reagearre. It is no saak om goede ôfspraken te meitsjen mei it Ryk en gemeenten. De druk op de wenningmerk is en bliuwt heech. Dan hawwe we neat oan oantallen op papier, mar wol oan realisaasjekrêft.”

febrewaris 13, 2024 08:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.