Fryslân Open 2024 Frysk damjen en FRYSK!

febrewaris 21, 2024 09:00

Justerjûn is yn Frjentsjer it startsein jûn fan it ynternasjonaal tinksportevenemint Fryslân Iepen 2024 fan Stifting WFD. De dielnimmers komme út Fryslân, de rest fan Nederlân, België, Italië, Tsjechië, Poalen en Litouwen. Der wurdt yn twa spulfoarmen spile: Frysk Damjen (klassyk) en FRYSK! (Frysk Damjen mei fiif houtsjes de spiler).

Foto: friesdammen.nl/frl/home

It earste ûnderdiel wie in toernoai foar basisskoalbern: it Waadhoeketoernoai yn Theater De Koornbeurs mei spulfoarm: FRYSK! Tiisdeitejûn binne de spilers wolkom hjitten yn De Bogt fen Guné troch wethâlder René de Vries fan de gemeente Waadhoeke.

Woansdei, tongersdei en freed spylje 25 dammers 8 omgongen op Tallships Antigua en Elizabeth oan de Eastlike Yndustrywei. De acht heechst einigjende spilers pleatse har foar it Tredde WK Frysk damjen yn augustus 2024, nei alle gedachten te hâlden yn Harns. Spulfoarm: Frysk Damjen (klassyk).

Freedtejûn en sneon spylje dizze 8 WK-kandidaten in Grutmaster – en Mastertoernoai yn it Planetarium en it histoaryske Stedhûs fan Frjentsjer. Spulfoarm: Frysk Damjen (klassyk).

Sneon wurdt der ek in iepen Kwalifikaasjetoernoai FRYSK! hâlden yn Teater De Koarnbeurs. Spulfoarm: FRYSK! Sneontejûn wurde alle WK-kandidaten en ynternasjonale spilers ûntfongen troch wethâlder Jan Dykstra fan de gemeente Waadhoeke.

Snein wurdt it Sânde Wrâldkampioenskip FRYSK! holden yn it histoaryske Stedhûs. Spulfoarm: FRYSK! Sneintemiddei fan 4 oere ôf sil de priisútrikking wêze troch kommissaris fan de Kening Arno Brok yn it histoaryske Stedhûs.

Alle partijen binne mei livestream en live kommentaar troch âld-wrâldkampioen Alexander Shvartsman te folgjen op www.frisiandraughts.com – > LIVE.

Taheakke: Programmaboekje Fryslân Open 2024

febrewaris 21, 2024 09:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.