Fryslân freget 4 miljoen foar 15 projekten yn lytsere kearnen

febrewaris 15, 2024 08:13

Alve Fryske gemeenten tsjinje mei-inoar in subsydzje-oanfraach yn by it Ryk foar de sechsde iepenstelling fan de saneamde Wenningbouympulsregeling (WBI). Yn totaal giet it om in oanfraach foar fjouwer miljoen euro foar 15 projekten. Dy oanfraach, ek wol Lytsekearne-oanpak neamd, moat derfoar soargje dat der mear betelbere wenningen boud wurde yn Fryslân.

Foto: It Nijs

Nei oanlieding fan de Fryske wenôfspraken (april 2023) hat minister De Jonge de WBI iepensteld foar in bondeling fan wenningbouprojekten dy’t yn mear as ien gemeente útfierd wurde. Dêrmei kinne – njonken grutte – ek lytse projekten profitearje fan in finansjele bydrage fan it Ryk. “En dat is tige wichtich,” seit wethâlder Bert Koonstra fan de gemeente Noardeast-Fryslân. “Ek yn de lytsere kearnen yn Fryslân moatte betelbere wenningen realisearre wurde kinne. Dêrom hawwe wy dit mei oare Fryske gemeenten oanpakt. Sa kinne mei de Wenningbouympulsregeling ek lytsere projekten yn plattelânskearnen finansjeel stipe wurde troch it Ryk.”

De provinsje Fryslân stipet de mienskiplike oanfraach, sawol prosesmjittich as ynhâldlik. Deputearre Sijbe Knol: “Wy hawwe mei it Ryk ôfspraken makke oer de mooglikheid dat gemeenten foar lytsere projekten in mienskiplike oanfraach foar dizze regeling yntsjinje. De Haach moat him nammentlik realisearje dat der mear is as allinnich grutskalige wenningbou. Krekt dizze projekten yn de lytse kearnen binne foar in provinsje as Fryslân fan grut belang. Yn eardere regelingen koe allinne in gemeente in oanfraach dwaan. Om in subsydzje-oanfraach dy’t past by de skaal fan projekten op it Fryske plattelân dwaan te kinnen, moast de regeling oanpast wurde. Mar ek dy paste lykwols noch hieltyd net. Yn desimber hawwe wy dêrom mei de minister ôfspraken makke dy’t it mooglik meitsje om mei-inoar dochs in goeie oanfraach te dwaan.”

Neffens de dielnimmende gemeenten en de provinsje wie it úteinlik dochs noch in pittige put om ta in ynhâldlik goede oanfraach te kommen. Hoewol’t de regeling troch it Ryk iepensteld is foar in mienskiplike oanfraach, wurde oanfragen noch hieltyd toetst as soene se betrekking op de wenningbousituaasje yn ien gemeente hawwe. Hoewol’t der by gemeenten folle mear wenningbouplannen op de planke lizze, moast der dêrom keazen wurde foar plannen dy’t binnen ien subsydzje-oanfraach gearhing toane. Mei de oanfraach litte gemeenten en provinsje sjen mei-inoar oplûke te kinnen en oer eigen grinzen hinne te sjen. “En dat moat ek,” seit Chris van Hes as bestjoerlik lûker út de VFG wei. “Yn De Haach regearje ‘de grutte oantallen’. As wy as Fryslân dan wat berikke wolle, moatte wy sjen litte dat wy gearwurkje kinne. As Fryslân litte we resultaten sjen. Dêrom gean ik derfan út dat it Ryk yn de takomst de beurs earder lûke sil om de fraachstikken yn ús provinsje op te lossen. Dat dizze gemeenten mei-inoar yn sa’n koart skoftsje tiid al in mienskiplike WBI-oanfraach dogge is unyk en fyn ik foar Fryslân in boppeslach.”

De gemeente Noardeast-Fryslân tsjinnet de oanfraach yn út namme fan de alve gemeenten. It is no ôfwachtsjen op in posityf beslút op de oanfraach.

febrewaris 15, 2024 08:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.