Friezen yn eigen damfariant oan kop

febrewaris 22, 2024 10:24

Yn it juster fan start giene ynternasjonale damtoernoai Fryslân Iepen lykje de Friezen dochs noch altyd de measte sjoege te hawwen fan it Frysk damjen. Nei trije omlopen binne allinnich Jelle Wiersma fan Wommels, Taeke Kooistra fan Hartwert en de pleatslike favoryt Foeke Tiemensma noch sûnder punteferlies.

De Tsjechyske Petra Dušková tsjin Aleksej Domchev út Litouwen (foto: Stifting WFD)

Benammen fan Tiemensma mei dat in ferrassing neamd wurde. De Frjentsjerter hat al in tal jierren it Frysk damjen op in sêft sin set, mar it die bliken, hy wie it spul noch net ferleard. De Belch Renaud Braye wie yn de earste omloop as ’t treft noch net de dreechste tsjinstanner, mar de oerwinning op Hein de Vries dêrnei mocht der wêze, en Tiemensma makke yn de tredde omloop ek Cor Kooistra lytsman.

De earste set troch Elbrich Bruinsma oan it boerd fan ’e Frjentsjerter Foeke Tiemensma (foto: Stifting WFD)

Dat Taeke Kooistra en Jelle Wiersma har ek oan kop nestelen, lei mear yn de line fan de ferwachting. Beide hawwe de ôfrûne desennia ommers mei izeren hân oer it Frysk damjen regearre. Benammen Wiersma hie in drege lotting, al foel dy yn de earste omloop tsjin Porter Richardson dan noch wol ta. Mar yn de twadde omloop moast er dêrnei fuortendaliks oantrede tsjin it damkanon Marten Walinga. Dy wist hy mei strategysk spul te ferslaan, en dat werhelle him dêrnei tsjin Henk Haanstra. De winner fan ferline jier begûn dus mei in falske start, mar dêrnei moast er yn de twadde omloop tsjin de Brabanner Ties Slagter ek al in heal punt lizze litte.

Taeke Kooistra die ek wêr’t er goed yn is: winne. Yn de earste omloop wie de Litouwer Aleksej Domchev it slachtoffer, en Dicky van der Meer koe yn de twadde omloop ek net tsjin him út. Dêrnei wie Kooistra ek te sterk foar Fedde Kramer. Mei Kramer is ien fan de net-Friezen neamd dy’t wol deeglik ferrassend út de hoeke kamen. De Grinzer wûn yn de earste twa omlopen nammentlik fan Tsjerk Wijbenga en fan de Poal Łukasz Kosobudski. Ek de Uterter Auke Zijlstra stiet nei oerwinningen op Tsjerk Wijbenga en Marten Walinga al op twa punten. Benammen it lêste resultaat mei der wêze, ek al liket it der op dat Walinga mei mar ien punt net yn syn bêste foarm stekt.

Hjoed sette de 24 dielnimmers út fiif lannen yn Frjentsjer de striid troch, yn it sfearrike dekôr fan twa histoaryske sylskippen. De acht heechst klassearre dammers kwalifisearje har foar de finale dy’t kommende freed en sneon ôfwikkele wurdt, ek yn Frjentsjer.

Sjoch ek:
Twitch: www.twitch.tv/checkersonlinetv
YouTube: www.youtube.com/channel/UC6QAafD28ps9NZJGabgcYMg (ferslaggen troch Damian Reszka)

www.frisiandraughts.com -> LIVE
www.lidraughts.org (mei analyzen)

Stân en resultaten:
toernooibase.kndb.nl (‘Alle toernooien’ -> Frysk Spul -> Fryslân Open 2024, en dan ‘Alle uitslagen’ )

Algemiene ynformaasje:
www.frisiandraughts.com -> Tournaments -> Fryslân Open -> FO-2024

febrewaris 22, 2024 10:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.