Folkje Koster wint Frysk Diktee yn Noardeasten fan provinsje

febrewaris 29, 2024 17:39

Fan ’e wike is it Fryske Wike yn de gemeenten Noardeast-Fryslân, Dantumadiel, Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen. Under lieding fan taalprojektstiper Wietske Poelman folgen amtners Fryske wurkateliers. Wethâlders giene byinoar op besite om oer de sichtberens fan it Frysk te praten en dêr waarden filmkes foar sosjale media fan makke. It hichtepunt fan de wike wie it Frysk Diktee op woansdei, dêr’t boargemasters, wethâlders, riedsleden, griffiers en amtners fan de fjouwer ANNO-gemeenten oan meidiene.

Folkje Koster mei de bokaal (byld: RTV NOF)

Romanskriuwer Willem Schoorstra skreau de tekst foar it diktee, dat yn de riedseal yn Bûtenpost holden waard. De tekst wie in lofsang op it smûkskaadzjend beamtegrien fan de Wâlden. De skriuwer ferklearre yn it skoft dat er it moai fûn om alle taalregisters iepen te lûken en fergetten Fryske wurden te brûken.

Allinnich de top trije fan bêste staverders waard neamd. Minder as tsien flaters slagge fan alle dielnimmers mar ien. Dat liet sjuerylid Pieter Duijff fan de Fryske Akademy nei ôfrin witte. Geert Andringa, riedsgriffier fan Achtkarspelen wie tred mei 11,5 flater. Mei 10,5 flaters kaam FNP-riedslid Wijbe Postma út Tytsjerksteradiel op it twadde plak.

Wijbe Postma (l.), Folkje Koster en Geert Andringa (foto: Wietske Poelman)

Mar de grutte winner wie Folkje Koster, meiwurkster fan de griffy fan Achtkarspelen en ek meiwurkster fan It Nijs! Hja hie mar seis flaters makke en hie dêrmei in bokaal, medalje en in moai bosk blommen wûn.

Besjoch it filmferslach fan RTV NOF:

febrewaris 29, 2024 17:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.