Foeke Tiemensma winner Fryslân Open

febrewaris 27, 2024 14:31

Foeke Tiemensma die sneon 24 febrewaris wier bliken de sterkste te wêzen yn it Frysk Damjen op it Fryslân Iepen. Nei’t er it tariedende toernoai al op syn namme skreaun hie, wie er yn de trije partijen fan de finale ek nochris oppermachtich. En dat wylst er it Frysk damjen al in tal jierren op in sêft sin set hie. De Frjentsjerter begûn syn meunstertocht yn de grutmastergroep freedtejûn op it bekendste plak fan syn eigen wenplak, ûnder de planeteloft fan it planetarium. Dêr fersloech er troch in oermacht yn it einspul de taaie feteraan Taeke Kooistra.

Foeke Tiemensma yn syn partij tsjin Jelle Wiersma op 24 febrewaris (foto: Stifting WFD)

Sneon moast er earst oantrede tsjin Marten Walinga. Tiemensma kaam in hout foar, foaral omdat Walinga himsels yn in drege posysje maneuvele hie. Nei in slagge omsingeling fan dy syn sintrumhouten joech de mei-organisator it oer. Yn de tredde en lêste partij moast Tiemensma it opnimme tsjin mearfâldich Frysk kampioen Jelle Wiersma. Dy hie earder Walinga ferslein, mar tsjin Kooistra kaam er net fierder as in kamp. Wiersma moast yn de tredde partij dus wol winne. Dêr like it ek wol op, mar yn it lette einspul luts Tiemensma it inisjatyf dochs noch nei him ta, en wûn er sels noch de partij. En dêrmei waard er mei sels oardel punt foarsprong op Wiersma de mear as terjochte winner fan it toernoai.

Yn de mastergroep wie de ferrassing as ’t treft sels noch wol grutter. Hjir wiene twa spilers ta trochkrongen dy’t mar frij koartby mei it Frysk damjen yn ’e kunde kommen binne: de Grinslanner Fedde Kramer en de Poal Lukasz Kosobudzki. Nettsjinsteande dat koene de twa betûfte Friezen Henk Haanstra en Hein de Vries net tsjin harren út. De Vries wûn it freedtejûn noch al fan Kramer, mar Kosobudzki fersloech Henk Haanstra al, en dy wie ferline jier noch de winner fan it toernoai. De Poal moast yn de twadde omloop op syn beurt wer belies jaan tsjin Kramer. Op dat stuit moasten se De Vries noch boppe harren duldzje. Kramer bliek dêrnei lykwols te sterk foar Haanstra, en ek Kosobudzki wûn fraai fan koprinner De Vries. Hy kaam al gau-eftich in hout foar, en koe dêrnei syn foarpost net allinnich behâlde mar dy ek ynsette foar in winnende kombinaasje. Nei in wakker spannende barraazjepartij tusken Kosobudzki en Kramer mocht de Poal him winner yn de mastergroep neame.

De barraazje tusken Jelle Wiersma (l.) en Taeke Kooistra (25 febr.) ûnder tafersjoch fan kommissaris Arno Brok (foto: Stifting WFD)

Einútslach Grutmasters:
1 Foeke Tiemensma
2 Jelle Wiersma
3 Taeke Kooistra
4 Marten Walinga

Einútslach Masters:
1 Lukasz Kosobudzki
2 Fedde Kramer 3
Hein de Vries
4 Henk Haanstra

Njonken dizze finales mei tweintich skiven wie der sneon yn Frjentsjer ek noch in toernoai mei mar fiif skiven yn de begjinstân. Dat kwalifikaasjetoernoai FRYSK! yn de Koornbeurs te Frjentsjer wie dit jier ûngewoan spannend. Wat opfoel wie dat nei trije omlopen al gjin inkelde spiler mear sûnder puntferlies wie. Dit kwalifikaasjetoernoai FRYSK! krige ekstra glâns troch de oanwêzigens fan in groep Italianen dy’t yn it noardwestlike Aosta it Frysk damjen omearme hawwe. Fan harren krong Yassin Ghodbhani ta de finale fan snein troch, njonken in stikmannich spilers dy’t har yn de eardere wedstriden fan it Fryslân Open al bewiisd hiene. Opmerklik wie dat it de 15-jierrige Teije Stor út Boalsert ek slagge en bewurkmasterje in plakje yn de finale, ûnder oaren troch yn in beslissingspartij te winnen tsjin de betûfte feteraan Cor Kooistra. Opmerklik wie ek dat dit toernoai mar leafst fiif net-Fryske dielnimmers oan it WK FRYSK! opsmiet.

Einútslach Kwalifikaasjetoernoai FRYSK!

1 -2 Willem Schaap en Aleksej Domchev (Litouwen) 6 p.
3 -5 Tsjerk Wijbenga, Renaud Braye (België ), Porter Richardson (Monster) 5,5 p.
6 -8 Cor Kooistra, Yassin Ghodbhani (Italië ), Teije Stor 5 p.
9 -10 Petra Dusková (Tsjechië), Lorenzo Lodato (Italië) 4,5 p.
11-14 Davide Gemma (Italy), Arjen Bruinsma, Ties Slagter (Den Bosch), Patrick Casaril (Belgium) 4 p.
15-17 Siward Walinga, Dicky van der Meer, Ian Censi (Italy) 3.5 p.
18 Menno Kamminga (Monster) 3 p.
19-20 Leo van Dorp (Wageningen), Freark Smink 2.5 p.
21 Margot Aiello (Italy)

De heechste sân spilers kwalifisearren har foar it WK FRYSK! op snein 25 febrewaris. Dat betsjutte dat der beslissingswedstriden spile wurde moasten tusken Kooistra, Ghodbhani en Stor. De útslaggen dêrfan:

Stor – Kooistra: 1 -0
Ghodbhani – Stor: 1 -0
Kooistra – Ghodbhani: 0,5 – 0,5

Einstân: Ghodbhani 1,5 p., Stor 1 p., Kooistra 0,5 p.

Dat betsjut dat Ghodbhani en Stor har pleatsten foar it WK.

Jelle Wiersma wrâldkampioen FRYSK!

As ûnderdiel fan it toernoai Fryslân Open waard yn Frjentsjer ôfrûne wykein ek it wrâldkampioenskip FRYSK! organisearre. Op sneon wie der in kwalifikaasjetoernoai. De bêste spilers dêrfan en de heechstpleatsten fan it reguliere toernoai mochten snein yn it âlde stedhûs fan Frjentsjer meidwaan oan de finale. Dy waard by einsluten wûn troch Jelle Wiersma fan Wommels, nei in beslissingswedstriid tsjin Taeke Kooistra.

FRYSK! folget de spulregels fan it Frysk damjen, mar in partij begjint net mei 20 skiven, mar mei 5, dy ‘t earst allegearre oan de basisline opsteld stean. Likegoed is de kâns op kamp noch altyd lyts. It kampioenskip wie foaral in wedstriid stuorkewikseljen. Nei fjouwer omlopen stie Kooistra noch boppe-oan, folge troch in peloton fan fjouwer: Marten Walinga, Tsjerk Wijbenga, Jelle Wiersma en de Litouwer Aleksej Domchev. Dêrnei ferlear Kooistra fan Domchev, en naam dy syn plak as koprinner yn omdat de oaren allegearre kamp spilen. Mar Domchev ferlear yn de sechsde omloop wer fan Walinga. Dy kaam op syn bar oan kop, mei Jelle Wiersma, dy’t Wijbenga fersloech. Yn de lêste omloop liet Walinga it lykwols hielendal sitte tsjin de stadich omheech klommen Italiaanske kampioen Andrea Peirano, mar Wiersma kaam tsjin Hein de Vries ek net fierder as in lyk spul. Hy bleau dêrmei wol oan kop, mar moast no Taeke Kooistra neist him ferneare, dy’t yn de lêste omloop Henk Haanstra fan him ôfskodde hie. Der wie dus in barraazje nedich. Wiersma wûn in skiif en nei de nedige druk ek de partij, ûnder tafersjoch fan in hage fan taskôgers, ûnder wa ek de Fryske kommissaris fan de Kening Arno Brok. Dy hold as ôfsluting fan it toernoai in koarte taspraak, dêr’t er it Frysk Damjen yn priizge as ien fan de pearels fan de Fryske kultuer, wêrnei’t er de ferskate winners har prizen oerlange.

Einútslach WK FRYSK!

1 Jelle Wiersma, 5 p. + 1
2 Taeke Kooistra, 5 p. + 0
3 -5 Aleksej Domchev, Marten Walinga, Hein de Vries, 4,5 p.
6 Andrea Peirano, 4 p.
7 -10 Henk Haanstra, Foeke Tiemensma, Porter Richardson, Willem Schaap, 3,5 p.
11 Tsjerk Wijbenga, 3 p.
12-14 Yassin Ghodbhani, Łukasz Kosobudzkim Petra Dušková, 2,5 p.
15-16 Teije Stor, Renaud Braye, 2 p.

De beide toernoaiwinners Jelle Wiersma (l.) en Foeke Tiemensma (foto: Stifting WFD)

febrewaris 27, 2024 14:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.