Foeke Tiemensma werom by Frysk damjen

febrewaris 24, 2024 09:50

Nei’t er doedestiids tsjin de absolute top oan skoarske, hie Foeke Tiemensma him by wedstriden yn it Frysk damjen al in stikmannich jierren net mear sjen litten. Oant er fan ’e wike frij ûnferwachte by it toernoai Fryslân Iepen yn Frjentsjer syn opwachting makke. Dêr die bliken dat de pleatslike ynwenner de eigensinnige fariant fan it damspul noch hielendal net ferleard wie. Al nei de earste dei nestele er him boppe-oan, en dêr soe er bliuwe, wylst de iene nei de oare konkurrint fuort foel.

Barraazje fan Fedde Kramer (l.) tsjin Taeke Kooistra (foto: Stifting WFD)

De lêste dy ‘t Tiemensma noch byhâlde koe wie de ferrassende Grinslanner Fedde Kramer. Beide koene sa stadichoan de druk mar min oan: justermoarn kaam Kramer net fierder as remize tsjin Auke Zijlstra, en Tiemensma moast him tsjin Henk Haanstra ek tefreden stelle mei in lyk spul. Middeis troffen de beide hoantsen inoar yn in beslissende partij. Dêrby sloech Tiemensma al yn ‘e iepening ta mei in kombinaasje dy ‘t him in skiif foardiel opsmiet. Kramer besocht der dêrnei noch wat fan te meitsjen, mar moast úteinlik dochs kapitulearje.

Łukasz Kosobudki (foto: Stifting WFD)

Dy nederlaach bea oan Jelle Wiersma en Marten Walinga de gelegenheid om har nei it twadde plak ta te wrotten. De earste wûn deeglik fan Cor Kooistra en Auke Zijlstra. Walinga hie yn Taeke Kooistra en Henk Haanstra in swierder programma. Nettsjinsteande dat wûn de Waaksenser, dy ‘t oant dan gjin oertsjûgjend toernoai flibe, beide partijen. De oerwinning op Kooistra makke sûnder mear yndruk. Noch yn ‘e iepeningsfaze tsjoende Walinga in hiel djippe kombinaasje op it boerd. It moast hast wol in studearkeamerset wêze, mar Walinga ûntstried dat by heech en by leech en hold út dat er ien en oar op it plak sels betocht hie. De tiid dy’t er derfoar brûkt hie, bewiisde syn gelyk.

Troch harren nederlagen moasten Kooistra en Kramer noch in beslissingspartij spylje foar it útmeitsjen fan wa’t talitten wurde soe ta hokker finalegroep. Kooistra wûn de barraazje úteinlik troch in kombinaasje, en dêrmei docht er mei de grutmasters Tiemensma, Wiersma en Walinga mei. Kramer makket dus syn opwachting by de masters, en moat it dêr opnimme tsjin Henk Haanstra, Hein de Vries en de tige ferrassend út ’e hoeke kommen Kosobudzki. De Poal hat him op it ynternet it Frysk damjen eigen makke, en begûn geandewei it toernoai hieltyd sterker te spyljen. Juster sette er earst de Tsjechyske Petra Dušková oan ’e kant, en dêrnei spile er tige fertsjinstlik kamp tsjin Taeke Kooistra. De finales wurde sneon 24 febrewaris ôfwurke yn it stedhûs fan Frjentsjer. De neamde spilers binne troch harren plak by de earste acht fan it toernoai ek automatysk pleatst foar it wrâldkampioenskip yn it Frysk damjen dat, nei’t grute wurdt, yn augustus yn Harns spile wurde sil. Auke Zijlstra en de nei in swak begjin dochs noch goed weromkommen Tsjerk Wijbenga kwalifisearren harren dêr ek foar.

Einútslach foaromlopen Fryslân Iepen 2024

1 Foeke Tiemensma 6,5 p.
2-3 Jelle Wiersma en Marten Walinga 6 p.
4 Taeke Kooistra (nei barraazje)
5 Fedde Kraamer (nei barraazje)
6-8 Henk Haanstra, Lukasz Kosobudzki, Hein de Vries 5 p.

9-10 Auke Zijlstra, Tsjerk Wijbenga 4,5 p.

11-15 Petra Dusková, Fedde Wiersma, Aleksej Domchev, Cor Kooistra, Dicky van der Meer 4 p.
16-19 Ties Slagter, Hidde de Vries, Porter Richardson, Renaud Braye
20 Patrick Casaril 3 p.
21 Piet Sikma 2,5 p.
22 Herbert Tulleken 2 p.
23 Menno Kamminga 1 p.
24 Leo van Dorp 0 p.

Pleatst foar it WK:
Teake Kooistra (al pleatst as Nederlânsk kampioen)
Jelle Wiersma (al pleatst as Frysk kampioen)
Petra Duskova (al pleatst as Tsjechysk kampioen)

Tiemensma, Walinga, Kramer, Haanstra, Kosobudzki, Hein de Vries, Auke Zijlstra, Tsjerk Wijbenga: pleatst yn it Fryslân Iepen fan dizze wike.

Stân en resultaten:
toernooibase.kndb.nl (‘Alle toernooien’ -> Frysk Spul -> Fryslân Open 2024, en dan ‘Alle uitslagen’ )

Algemiene ynformaasje:
www.frisiandraughts.com -> Tournaments -> Fryslân Open -> FO-2024

febrewaris 24, 2024 09:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.