Ferfolch foar Opbetterprogramma Bioferskaat Fryslân

febrewaris 19, 2024 08:18 Fernijd

It Opbetterprogramma Bioferskaat Fryslân kriget in ferfolch yn 2024. It kolleezje fan Deputearre Steaten stelt op basis fan it bestjoersakkoart foar de jierren 2024 oant en mei 2027 yn totaal ien miljoen euro beskikber. It programma wurket dêrmei fierder oan it stabilisearjen – en op ’e langere doer tanimmen – fan it bioferskaat yn Fryslân.

Foto: Provinsje Fryslân

Yn 2024 set it programma ûnder mear yn op in trochrinnende learline Leefomjouwing. Sadat it basis, fuortset en beropsûnderwiis oer bioferskaat, mar ek it ûnderwiis foar 25-plussers, goed opinoar oanslút. Der komt in twadde edysje fan it bioferskaatfestival BROED mei projekten yn ’e regio. Ek wurdt der fierder wurke oan it ynrjochtsjen fan provinsjale stipepuntlokaasjes foar it bioferskaat en it fersterkjen en útbouwen fan it netwurk fan de Fryske oerheden. Op it mêd fan kennisútwikseling, mar ek as it giet om it fersterkjen fan bioferskaat yn de fysike romte, lykas wâl- en bermbehear.

It beskikber meitsjen fan ynformaasje oer bioferskaat stiet sintraal op kennisplatfoarm www.biodiversiteit.frl. Om ek in breed publyk mear ynsjoch te jaan yn de steat fan it Fryske bioferskaat, wurkje de provinsje en it programma takomme jier oan it tagonklik en dúdlik presintearjen fan de beskikbere ynformaasje en sifers.

Ferbreedzje
Dit jier ûndersykje de belutsen partijen hokker mooglikheden der binne om it programma foar de langere termyn in ferfolch te jaan. Bygelyks troch de ferbreding te sykjen en oan te sluten op de lanlike Aginda Natuerynklusyf. Neist de ûnderwerpen dêr’t it werstelprogramma him no al op rjochtet, fokust de Aginda Natuerynklusyf ek op it bioferskaat yn oare domeinen. Op de plakken dêr’t men wennet, wurket en rekreëarret. Bygelyks natuerynklusiviteit op yndustryterreinen, yn de bou, enerzjy en gastfrijheidsekonomy.

Gearwurking
It Opbetterprogramma Bioferskaat is in gearwurkingsprogramma fan de Fryske gemeenten, organisaasjes op it mêd fan natuer, kultuer, ûnderwiis en lânskip, Wetterskip Fryslân en de provinsje Fryslân. Dêrneist is der ek in brede skyl oan ûndersyksorganisaasjes en lokale bedriuwen en (boarger)inisjativen dy’t in wichtige rol spylje yn it foarúthelpen fan it bioferskaat. Sa siedden ferline jier twa lokale basisskoallen bygelyks in ynsekte-idylle oan it Pylkwiersterpaad, yn gearwurking mei IVN Natuureducatie, gemeente Ljouwert en op inisjatyf fan Doarpsbelang Himpens-Tearns.

febrewaris 19, 2024 08:18 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.