Fenna Bergsma promovearre oan Johann Wolfgang Goethe-Universität

febrewaris 20, 2024 08:17

Frou dr. Fenna Bergsma fan de Fryske Akademy is offisjeel promovearre oan de Johann Wolfgang Goethe-Universität yn Frankfurt am Main (Dútslân). Har proefskrift hie se op 17 desimber 2021 al suksesfol ferdigene, mar yn Dútslân mei ien de doktorstitel pas fiere op it momint dat it proefskrift publisearre is. Dat is no it gefal.

Dr. Fenna Bergsma (boarne: Fryske Akademy)

Frou Bergsma’s wittenskiplike ferhanneling Case competition in headless relatives is útbrocht troch de Universitätsbibliothek Johann Christian Senckenberg en is fergees del te laden. It proefskrift giet oer hoe’t de ynterne struktuer fan in wurd de grammatikaliteit fan in sin beynfloedet. Hja ferlike dêrfoar frije relatyfsinnen en relatyfpronomen út ferskillende talen mei-inoar.

Oer Fenna Bergsma
Sûnt 2021 wurket Fenna Bergsma (1991, Reduzum) by de Fryske Akademy as taalkundich ûndersiker en docht se ûndersyk nei Fryske morfology en syntaksis. Tusken 2020 en 2023 hat se ek wurksum west as dosint oan de Universiteit fan Amsterdam op it mêd fan morfology en syntaksis.

Frou Bergsma behelle yn 2013 har bachelordiploma linguistics oan de Ryksuniversiteit yn Grins, yn 2015 har masterdiploma linguistics oan de Universiteit fan Amsterdam en yn 2024 har doktoraaldiploma oan de Johann Wolfgang Goethe-Universität.

febrewaris 20, 2024 08:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.