Feie Fonyk: Underwiis in frouljusberop

febrewaris 22, 2024 08:00

Parttime wurk is wenst yn it ûnderwiis. Handich foar froulju dy’t wurk kombinearje wolle mei ferantwurdlikheid foar de eigen bern en húshâlding. Miskien is dat wol de reden dat der safolle froulju yn it ûnderwiis wurkje.

Lang lyn hie it basisûnderwiis trije kear yn it jier in teldatum. De haadmaster kaam op 20 oktober, 20 jannewaris en 20 maart del mei pinne en papier om te notearjen hoefolle learlingen oft yn elke klasse sieten, ferdield yn jonges en famkes. De trochsneed fan dy trije teldatums bepaalde it tal banen foar it folgjende skoaljier. Foar de gruttere skoallen betsjutte dat foar elke tritich learlingen ien ûnderwizer(es) mear.

As jo ​​krekt boppe it fereaske tal wiene, wie dat geunstich foar de ferdieling. Ferfelend as it krekt ûnder it tal bleau. Noch slimmer waard it mei in ôfnimmend tal learlingen. Ien learling tekoart betsjutte ûntslach foar in kollega. Der wiene allinnich folsleine banen. Der sille sûnder mis hjir en dêr wolris ôfspraken makke wêze tusken skoallen om foar te kommen dat in master of juffer ûntslein wurde moast. Fansels bleau it risiko dat der in ynspekteur foarby kaam om te kontrolearjen.

Tsjintwurdich kriget in skoalle foar elke learling in bytsje formaasje. Dat systeem is logysk en reedlik. Der is mar ien tel datum, 1 oktober. Fjouwerjierrigen komme nei oktober ek noch op skoalle. Dêrom wurdt it tal learlingen mei in fêst persintaazje fan trije prosint ferhege. Trochinoar rekkene sil dat wol aardich strike mei de praktyk. Der binne oanpaste regels foar grutte ynstream.

Mei de ynfiering fan dat saneamde ‘formaasjebudzjetsysteem’ hawwe wy yn it basisûnderwiis in soad dieltiidbanen krigen. In logysk en ûnûntkomber gefolch. It hat foardielen en neidielen yn ferliking mei it âlde systeem. In grut foardiel is dat in skoalle de formaasje kriget, dêr’t er rjocht op hat. Yn ‘e praktyk blike parttimers frijwat enerzjy yn harren dieltiidwurk te stekken. In neidiel is de fersnipeling mei mear minsken foar de groepen.

Nettsjinsteande emansipaasje blike in soad soarchtaken yn de húshâlding troch froulju útfierd te wurden. Dat is dreech te kombinearjen mei in folsleine baan bûten de doar. Dieltiidwurk yn it ûnderwiis is dêrom oantreklik foar froulju. Benammen as se noch bern hawwe dy’t nei de basisskoalle geane, omdat de wurktiden gearfalle mei skoaltiid. In soad skoalwurk kin mei nei hûs en jûns dien wurde. Mear froulju foar de klasse is in ûnbedoelde bywurking fan de feroare personielsstruktuer yn it ûnderwiis.

Dêr komt by dat it imago fan it ûnderwiis, mar ek fan de pabo, beheind is en in lease-auto heart der net by. Al mei al hawwe wy op dit stuit de situaasje dat tachtich prosint fan de pabo’s befolke wurdt troch froulike studinten. Oer fiif oant tsien jier geane yn it ûnderwiis in soad manlju mei pensjoen. Dan hawwe we noch mear frouljusskoallen as no al it gefal is.Yn oare Europeeske lannen sjogge we deselde ûntjouwing.

febrewaris 22, 2024 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.