Feie Fonyk: ‘Rovers, christenhonden en vrouwenschenners’

febrewaris 1, 2024 08:00

Giraudon, ‘Taking of Jerusalem by the Crusaders, 15th July 1099’ (boarne Wikimedia Commons, publyk domein)

‘Kruisvaarders voor Jeruzalem’ is ien fan de 43 skoalleplaten dy’t Johan Herman Isings tusken 1910 en 1970 skildere hat foar it skiednisûnderwiis op de basisskoalle. De plaat ferbyldet it belis en de bemastering  fan Jeruzalem yn july 1099. Underwizers, benammen op kristlike skoallen, praten wiidweidich oer de betsjutting fan dy heldedied. Dat is hoe’t de stêd bewarre waard foar de wiere leauwigen, de kristenen. Yn ‘e Arabyske wrâld sjogge minsken mei oare eagen nei de krústochten. Skriuwer Amin Maalouf publisearre yn 1983 Les croisades vues par les Arabes, yn it Nederlânsk oerset ûnder de titel Rovers, christenhonden en vrouwenschenners. De kruistochten in Arabische kronieken.

Ofrûne simmer kocht ik yn Frankryk in oar boek fan him, Les indentités meurtrières. Dat is yn 1998 al útkommen. In foardiel fan in grut taalgebiet as dat fan Frankryk – der binne sa’n 285 miljoen minsken dy’t it Frânsk as earste of twadde taal hawwe – is, dat de measte boeken nei ferrin fan tiid ek yn in goedkeape pocketédysje te krijen binne, lykas dizze foar € 7,70. Twaddehâns noch goedkeaper.

Fan dat boek kaam pas in pear jier lyn, yn 2021, in Nederlânske oersetting: Moorddadige identiteiten. Der stiet in moaie gearfetting fan it boek op de side fan Bol.com. Dy nim ik foar in part yn oersetting oer: “Wêr komt de driuw wei om by in groep, by in mienskip te hearren oft dy no kultureel, religieus of nasjonaal fan aard is? En wêrom liedt dy op himsels legitime winsk sa faak ta eangst foar, sels ôfkear fan de oare? Yn it klassyk wurden essay Moorddadige identiteiten ûndersiket Amin Maalouf wat in term as identiteit eins betsjut, hoe’t dy altyd brûkt en misbrûkt wurdt en wêrom’t dy op safolle plakken yn ‘e wrâld ta haat en geweld liedt. Maalouf docht dat oan ’e hân fan syn persoanlike ûnderfiningen, as bern fan ‘e Levant, mar behellet ek skiednis, filosofy en aktualiteit yn syn redenearring. Yn dit boek hâldt Amin Maalouf in waarm pleit foar in iepen humanisme, dat tagelyk in weromkear nei de ‘stam’ ôfwiist.

Amin Maalouf waard berne yn Libanon yn 1949. Yn 1976, in jier nei it útbrekken fan de Libaneeske boargeroarloch, ferliet er it lân en sette him yn Frankryk nei wenjen. Op 13 april 1975 hie er tsjûge west fan de oanfal fan op in bus, dêr’t 26 minsken by omkamen. Dy oanfal wie de direkte oanlieding fan ‘e Libaneeske boargeroarloch.

Hy freget him noch hieltyd ôf hoe’t it mooglik is dat minsken dy’t oant koartlyn freedsum njonkeninoar libben, fijannen faninoar wurde, want sa barde it yn Libanon mei de moslims, de joaden en de kristenen. Neffens Maalouf moatte wy erkenne dat minsken faninoar ferskille en ferskillende identiteiten hawwe. Allinnich troch dat te erkennen en dêr romte foar te jaan, kinne se yn frede mei-inoar libje.
Neffens him moat dêr op skoalle al mei begûn wurde, mar ik betwivelje oft dat genôch is om de grutte tsjinstellingen tusken godstsjinsten en belangen te oerbrêgjen. De hjoeddeiske situaasje yn Israel en Gaza jout wat dat oangiet net in soad hoop.

Op de thússide: ‘De verovering van Jeruzalem in 1099’ fan in ûnbekende skilder. Boarne Wikipedia (publyk domein)
febrewaris 1, 2024 08:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Jan A. Schulp febrewaris 7, 15:48

    Praat ek ris oer de veroveringen fan de islam, fan india oant Spanje. Aldergeloks hat Karel Martel, pake fan Karel de Grutte, yn 746 de moslims werom slein by Poitiers. Lês no sels de koran ris, soera 5 en 6, en benammen soera 9 fers 5, wêrin de moslims it befel krijn om de kristenen om te bringen. Dan moatte se ophâlden te eameljen oer de Krústochten.
    en indien, de platen fan Isings binne prachtig. .

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.