Erfgoedfrijwilligers Fryslân yn kaart brocht

febrewaris 27, 2024 08:12

Yn Fryslân binne 7.050 minsken, ferspraat oer 275 inisjativen op frijwillige basis dwaande mei erfgoed. Yn 2023 is foar it earst sawol lanlik as provinsjaal ûndersyk dien om dat yn kaart te bringen. Frijwilligers binne ûnmisber foar it behearen, behâlden en útdragen fan kultureel erfgoed. Hoefolle frijwilligers binne dêr lanlik en yn de ferskillende provinsjes mei dwaande, en watfoar minsken binne dat? Oant koartlyn wie dêr gjin ynsjoch yn.

Utkomsten oer frijwilligers yn Fryslân
De grutste groep frijwilligers set him yn foar musea. Dêr binne goed 3.300 frijwilligers aktyf yn (ferdield oer 72 inisjativen). Goed 2.300 frijwilligers sette har yn foar it behâld en behear fan gebouwen, lânskippen en natuer (ferdield oer 136 inisjativen). Dêrneist binne 700 frijwilligers aktyf mei ymmaterieel erfgoed lykas ambachten, tradysjes en taal (ferdield oer fiif inisjativen), 550 frijwilligers by histoaryske ferieningen (ferdield oer 49 inisjativen) en 200 by argiven (ferdield oer trettjin inisjativen). Dat lit dúdlik sjen dat benammen it ymmaterieel erfgoed yn Fryslân noch net goed yn byld is ûnder it ûndersyk.

Yn Fryslân binne frijwilligers yn trochsneed 2,7 oere wyks mei erfgoed dwaande. Dat komt yn totaal del op 18.900 oere wyks dat frijwilligers har foar it Fryske erfgoed ynsette. As dy oeren yn euro’s útdrukt wurde, útgeande fan in minimumlean fan € 16,89 by in wurkwike fan 36 oeren (neffens museum-CAO, mei fakânsjejild en wurkjouwerslêsten ynbegrepen), soe harren ynset € 320.000 yn ’e wike kostje. Dat betsjut dat yn Fryslân likernôch € 15 miljoen jiers besparre wurdt troch de ynset fan frijwilligers.

De Fryske erfgoedfrijwilliger
88 Fryske erfgoedorganisaasjes hawwe oan it fragelistûndersyk meiwurke. De mearderheid fan dy ynstellingen (53%) jout oan allinnich mei frijwillige meiwurkers te wurkjen. Foar 64% is finansjele needsaak ien fan de wichtichste redenen om mei frijwilligers te wurkjen. Likernôch de helte fan de Fryske frijwilligers is 65 jier of âlder, 3% is jonger as 25 jier. Fierder falt it op dat 86% langer as fiif jier deryn behelle is. By de measte erfgoedynstellingen (88%) dogge se strukturele aktiviteiten lykas organisaasje, kommunikaasje en behâld & behear fan erfgoed. In bytsje minder as de helte fan de ynstellingen jout oan dat frijwilligers aktiviteiten útfiere dêr’t de fêste meiwurkers net oan ta komme.

Yn Fryslân bestiet op it stuit gjin provinsjaal programma om erfgoedynstellingen yn ’e breedte te stypjen. 53% jout oan dêr wol ferlet fan te hawwen. 70% yn ferbân mei it befoarderjen fan de saakkundigens en 62% wol graach stipe op it mêd fan edukaasje en kennisûntwikkeling.

Oer it ûndersyk
It ûndersyk is tusken septimber 2022 en oktober 2023 yn opdracht fan it Oerlis Provinsjale Erfgoedynstellingen Nederlân (OPEN) útfierd troch PON & Telos en Pyrrhula Research Consultas. Yn alle provinsjes hawwe de erfgoedorganisaasjes in fragelist tastjoerd krigen, de Fryske resultaten binne presintearre yn it rapport ‘Friese erfgoedvrijwilligers in beeld’. Foar it lanlik ûndersyk binne alle ophelle data út de provinsjale ûndersiken oanfolle troch koepelorganisaasjes en berekkeningen. Dy resultaten binne te finen yn ‘Erfgoedvrijwilligers in beeld’. Beide rapporten binne te lêzen op erfgoedpubliek.nl/kennis/erfgoedvrijwilligers-in-beeld.

febrewaris 27, 2024 08:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.