Ekstra jild foar better iepenbier ferfier yn Fryslân

febrewaris 2, 2024 08:17

It iepenbier ferfier yn Fryslân kriget alle jierren € 10 miljoen ekstra fan it Ryk. De provinsje foarkomt dêrmei dat de tariven foar it reizgjen mei it iepenbier ferfier yn 2024 mei 12% omheech geane. De provinsje wol mei dat jild it bus- en treinferfier, yn oerlis mei Arriva, foar de reizger ek oantrekliker meitsje.

Foto: ©Provinsje Fryslân

Om de kosten foar it reizgjen mei it iepenbier ferfier gelyk te hâlden oan ferline jier, is € 4 miljoen nedich. De oare € 6 miljoen sette provinsje en Arriva yn om de berikberens fan doarpen en stêden mei it iepenbier ferfier te ferbetterjen. Om in kar te meitsjen wêr’t mear bussen ride kinne, is sjoen nei it tanimmen fan it tal reizgers, de ferdieling tusken stêd en plattelân, de sprieding troch Fryslân, de ûnderfiningen mei de tsjinstregeling 2023/2024 en de winsken út de mienskip wei.

Op basis fan dy kritearia is Arriva mei in earste plan kommen om it tal oeren yn de tsjinstregeling fan de bus fan maitiid 2024 ôf út te wreidzjen. “Mei it ekstra jild fan it Ryk geane de kosten foar it reizgjen mei it iepenbier ferfier net omheech en krije we op in tal linen ekstra bussen. Dat makket it oantrekliker foar de reizger en dat is foar ús as provinsje tige wichtich”, seit deputearre De Vries. In oare stap is it oantrekliker meitsjen fan it treinferfier. Provinsje en Arriva tinke dêrby oan koartingen foar guon doelgroepen of oan maatregels op it mêd fan sosjale feiligens.

Buslinen dêr’t ekstra mooglikheden foar komme (boarne: Provinsje Fryslân)

Eftergrûn ekstra jild
Mei-inoar hat de steatssekretaris fan Ynfrastruktuer en Wettersteat jierliks € 300 miljoen beskikber steld foar it regionaal iepenbier ferfier. Dy ekstra middels folgje út de moasje Bikker dy’t troch de Twadde Keamer yn it neijier 2023 oannommen is. Dêrneist is yn reaksje op moasje Krul tasein ferfierders yn 2024 te kompensearjen foar de gefolgen fan de besunigings op it studintereisprodukt. Yn de maitiid fan 2024 stelt it Ryk de ekstra middels beskikber.

Undersiken alternatyf ferfier
Njonken de € 10 miljoen fan it Ryk is der út it bestjoersakkoart wei € 1 miljoen yn it jier beskikber steld foar mobiliteit. Mei dat jild wol de provinsje inisjativen en pilots stimulearje, lykas it ûndersykjen fan alternatyf ferfier yn bûtengebieten. Dêrfoar giet de provinsje de regio yn om de Mienskip te freegjen nei ideeën, winsken en ferlet. Sadree’t de nije busferfierder definityf bekend is, set de provinsje dêrmei útein.

Oersjoch buslinen dêr’t ekstra mooglikheden foar komme.

febrewaris 2, 2024 08:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.