EBLT hellet op Memmetaaldei Dútske filmtopper ‘Mittagsstunde’ nei Ljouwert

febrewaris 12, 2024 08:17 Fernijd

Op 21 febrewaris is it de Ynternasjonale Memmetaaldei, in inisjatyf fan de Feriene Naasjes. Yn it ramt dêrfan organisearje it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) en it Mercator Europeesk Kennissintrum yn ’e mande mei Slieker Film de Nederlânske premjêre fan de suksesfolle Dútske film Mittagsstunde fan regisseur Lars Jessen.

Boarne: EBLT

De film is basearre op de bestseller mei deselde titel fan skriuwster Dörte Hansen. Der binne twa ferzjes fan de film makke: ien mei dialogen yn it Platdútsk, en ien mei dialogen yn it Heechdútsk. It EBLT presintearret de Platdútske ferzje, mei ûndertitels yn it Frysk.

Mittagsstunde
Mittagsstunde (middeisoere) folget universitêr dosint Ingwer (47) út Kiel, dy’t in sabbatical nimt, omdat syn âldelju Sönke en Ella op it Noard-Fryske plattelân harren sels net mear rêde kinne. Heit is kwetsber, mar besiket efter de rollator stân te hâlden as kroechbaas en mem is it paad hieltyd faker bjuster. Ingwer komt der al gau efter dat net allinnich syn âldelju feroare binne, mar it doarp Brinkebüll ek. De skoalle en de winkel binne ticht en de kastanjebeammen yn de buorren moatte wike foar de grutte frachtauto’s en lânboumasines. Fan de mienskip is net folle mear oer …

De wat mankelike film giet oer de bysûndere famyljeskiednis fan Ingwer en de – ek foar ús Fryslân – tige werom te kennen feroaringen op it plattelân en wat dy mei de minsken dogge. Wat bynt de plattelânsbewenners noch as alles ferdwynt?

Nederlânske premjêre
Boek én film hawwe yn heech tempo it Dútske taalgebiet ferovere. De film wie yn de winter fan 2022/2023 de bêst besochte filmhûsfilm fan Dútslân. De Dútske media wiene loovjend en neamden de film ‘in Noarddútske pearel’ en de film waard priizge as humoristysk, weemoedich en gefoelich. Mittagsstunde wie net earder te sjen yn in Nederlânske bioskoop of filmhûs. EBLT, Mercator en Slieker bringe dêr feroaring yn en presintearje de film ûnder de Fryske titel Middeisoere. De premjêre wurdt in meartalige fertoaning. Yn de film wurdt neist it Dútsk benammen in soad Platdútsk praat, in taal dy’t besibbe is oan it Nedersaksysk. De film wurdt troch Geertrui Visser foarsjoen fan Frysktalige ûndertitels.

Ynternasjonale Memmetaaldei
It is alwer de tsiende kear dat it EBLT mei Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (ûnderdiel fan de Fryske Akademy) en Slieker Film dokumintêres of films oer en mei taalminderheden presintearje op de Ynternasjonale Memmetaaldei. It EBLT is in koepelorganisaasje dy’t de promoasje en beskerming fan de minderheidstalen yn Nederlân neistribbet. By it EBLT binne mear as tweintich organisaasjes oansletten dy’t harren ynsette foar de posysje fan it Frysk, it Nedersaksysk, it Biltsk en it Papiamintsk.

De film is te sjen op Ynternasjonale Memmetaaldei, woansdei 21 febrewaris, by Slieker Film, yn Ljouwert om 19.30 oere. De film wurdt op sneon 24 febrewaris om 13.30 oere nochris fertoand.

febrewaris 12, 2024 08:17 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.