Dokumintêre oer Jan Janszoon, piraat fan de wrâld

febrewaris 4, 2024 08:24 Fernijd

Andere Tijden presintearret fan freed 9 febrewaris ôf in fjouwerdielige dokumintêresearje oer it libben fan Jan Janszoon, in drystmoedige Haarlimske kaper út de 17e iuw dy’t furoare makke yn Noard-Afrika. It ferhaal is sa apart dat men tinke soe dat it optocht is. Mar it is allegearre wier bard.

Abdelkader Benali (foto: ©NTR)

Mei Abdelkader Benali as ferteller en yn dramatisearre sênes mei akteurs Aus Greidanus sr. as Jan Janszoon en Gaite Jansen as syn dochter Liesbeth komt de skiednis ta libben. Jan Janszoon ferlit syn húshâlding, bekeart him ta de islam en wurdt piraat en hanneler yn Europeeske slaven, mar ek diplomaat, admiraal en gûverneur. Yn Noard-Afrika nimt er in nije namme oan, Mourad Raïs, en ûnder dy namme sil er ferneamd wurde, mar ek eangst en ôfkar siedzje.

Aus Greidanus en Gaite Jansen
Regisseur Marcel Goedhart waard op it spoar fan Jan Janszoon set troch Abdelkader Benali, dy’t al hiel lang troch him fassinearre is: “Ik kaam mei ús heit en mem út Marokko nei Nederlân, de rûte dy’t hy naam wie krektoarsom.” Filme yn in moderne studio spilet Aus Greidanus sr. (bekend fan û.o. De zaak Menten en Arcadia) Jan Janszoon en Gaite Jansen (Peaky Blinders, Happy Ending) syn dochter Liesbeth. Teätergroep Hotel Modern ferbyldet op eigensinnige wize in tal krúsjale sênes út it libben fan Jan Janszoon.

Foto: ©NTR

Earste moslim yn Amearika
En dan is der noch de mooglike soan fan Jan Janszoon, Anthony Janszoon van Salé, neffens histoarisy de earste moslim yn Amearika. Iliass Ojja (Mocro Maffia) jout stal oan dy yntrigearjende figuer – dy’t al krekt sa’n aventoersman blykt te wêzen as de persoan dy’t nei alle gedachten syn heit is.

De dokumintêrerige Jan Janszoon, piraat van de wereld, makke troch de redaksje fan it NTR-skiednisprogramma Andere Tijden, is te sjen op freed 9, 16, 23 febrewaris en 1 maart 2024 om 22.20 oere op NPO 2. Fan freed 9 febrewaris ôf is de searje ek yn syn gehiel te sjen op NPO Plus.

febrewaris 4, 2024 08:24 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.