Dokumintêre oer de wûndere wrâld fan bijen te sjen op 8 maart

febrewaris 24, 2024 08:12 Fernijd

Mei de tichtplicht ûntdekt natuerfilmregisseur Martin Dohrn yn syn eigen eftertún de bjusterbaarlike wrâld fan bijen. Hy dokumintearret it libben fan de bistkes op in nivo sa’t noch nea earder te sjen wie.

Foto: Martin Dohrn

Martin Dohrn, in natuerfilmmakker út Bristol, beslút ûnder de tichtplicht yn koroanatiid syn apparatuer te brûken om it libben fan de bijen yn syn eftertún fêst te lizzen. No hat er einliks de tiid om te fokusjen op it ynsektelibben yn eigen tún. Hy naderet de bistkes sa tichtby en yngeand dat er mear as sechtich soarten fêstlizze kin en sels yndividuen ûnderskiede kin. De dokumintêre My garden of a thousand bees waard op it wittenskipsfilmfestival InScience 2023 ûnderskieden mei de NTR Audience Award. Martin Dohrn is te gast op de oansteande edysje fan filmfestival InScience. Hy lit sjen dat ek in lytse tún en sels in minuskúl balkon brûzje kin fan it libben.

It grutste natuerpark fan Nederlân
Yn Nederlân binne 4,5 miljoen tunen dêr’t it mienskiplik oerflak mear as tsien kear sa grut fan is as de Feluwe. Mei-inoar foarmje dy tunen it grutste natuergebiet fan Nederlân. En dat makket alle túnbesitters ta natuerbehearders. Ynspirearre troch de film fan Dohrn wol NTR Wetenschap in Podcast Focus omtinken freegje foar de krusjale rol dy’t ynsekten yn ’e ekology spylje. En sjen litte dat mei ienfâldige yngrepen yn eigen tún en balkon it bioferskaat fergrutte wurde kin. Nederlânske túnleafhawwers mei in ekologysk paradys litte harren tún sjen en fertelle deroer. Hoe hawwe se dy natuerhaven kreëarre? Wat hat it ferskate libben nedich, wat kin wol en net dien wurde? Faak is it in kwestje fan just eat nét dwaan.

By InScience 2024 kriget it publyk wer de kâns om op harren favorite dokumintêre te stimmen. It filmfestival wurdt fan 12 oant 17 maart yn en om filmhûs LUX yn Nimwegen holden. Stimme kin op de wittenskipsfilms dy’t it ôfrûne jier wrâldwiid ferskynd binne. Op it festival moetsje ynternasjonale topwittenskippers, filmmakkers en publyk inoar om de nijste ynsjoggen te dielen dy’t de wrâld fan moarn foarmjouwe.

De publyksleafling fan it filmfestival InScience My garden of a thousand bees is te sjen op NPO 2. De útstjoering is op freed 8 maart 2024 om 22.20 oere op NPO 2. De podcast Focus is medio maaie te beharkjen. Dat wurdt fia de sosjalemediakanalen fan NTR Wittenskip kommunisearre.

febrewaris 24, 2024 08:12 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.