Doede Wiersma: Te boadskipjen

febrewaris 25, 2024 07:00 Fernijd

Oertinking

In frou gie derop út om wetter te putten. Dat klinkt as: in frou is nei de winkel om boadskippen.
Der wurdt wat ôfsjoud! Yn súdlike lannen mei wetter, en by ús mei boadskippen. Der is sa’n soad nedich!
Foar de frou út Samaria kaam it alle dagen wer.
Wetter sjouwe liket my ferfelend wurk, like freeslik as doe’t ik as jonge de bak fan tûzen mingel op ’e bûthússouder fol pompe moast…!
Wat wie ik bliid doe’t de wetterlieding kaam.

As in man tsjin dy frou út Samaria seit dat der oar wetter is, dêr’t gjin putten en sjouwen mear by nedich is, dan liket har dat skoan ta. Want, seit se, dan hoech ik hjir noait wer hinne! Noait wer yn dy gleone sinne mei wetter sjouwe!
En dan reitsje dy man en dy frou dêr by dy wetterput yn in djip petear.
Dat meitsje wy ek mei. Wy binne oan ’t boadskipjen, wy sjogge in bekende, groetsje, freegje hoe’t it giet. Soms stiet it gesicht fan dy oare sa soarchlik dat it – ‘wol goed’ – ús net tefreden stelt. Dan freegje wy troch: “Is der wat?” “Ja,” seit dy oare, en fertelt dan bygelyks dat by ien fan harren bern kanker fûn is …
Unbelangryk binne op slach de boadskippen. Der ûntstiet in petear fan hert ta hert.
Hoe goed binne sokke petearen. Dy’t fertriet hat, kin it hert luchtsje en wer fierder. As ‘libben wetter’ wie it!

Lêze: Johannes 4:4-7

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, útjûn by de KFFB.
Op de thússide: Il Guercino (1591–1666), Jezus en de Samaritaanske frou
febrewaris 25, 2024 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.