Doede Wiersma: Sûnder mystyk gjin sosjale beweging

febrewaris 18, 2024 07:00 Fernijd

Oertinking

Neffens de Joadsk-Russyske skilder Marc Chagall soe der sûnder mystyk net in sosjale beweging yn ’e wrâld west ha.
Jezus wie in grut sosjaal beweger, dy’t hieltyd wer sosjale bewegers en bewegingen yn it libben rôp en ropt. It geheim fan Jezus’ libben is syn mystike bân mei de himelske Heit.
Noch mar krekt folwoeksen, seit Er dat Er dwaande wêze wol mei de dingen fan syn Heit (Lukas 2:49) en geregeld socht Er in stil plak om te bidden (Markus 1:35).
Yn Matteüs 17:1-9 treffe wy Jezus op in hege berch. De berch wie it plak om God te belibjen.
As Jezus oanfielt dat syn wize fan libjen lijen meibringe sil, dan hat Er ferlet fan stipe. De rjochtfeardige siket hâldfêst by God dy’t DE RJOCHTFEARDIGE is, sa’t in âld liet besjongt:

“Jou eare oan ús God!
In rots is Er; folslein is syn wurk,
ja, al syn wegen binne rjocht.
In trouwe God, sûnder falskens,
RJOCHTFEARDICH en rjocht-út is Hy.” (Deuteronomium 32:4)

De dichters fan Psalmen, dy’t op de ‘basisskoalle’ fan Spreuken leard ha, witte:

“De rjochtfeardige siket ûntwyk by de Heare” (Psalm 64:11).
“De útrêding fan de rjochtfeardige komt fan de Heare.
Hy is har stins yn tiden fan need” (Psalm 37:39).
“De woartel fan de rjochtfeardige is net te ferwrigjen” (Spreuken 12:3).

Op de berch slacht Jezus, as dy rjochtfeardige, syn woartels fêst yn ’e grûn (Spreuken 12:12). Dy grûn is it leauwe yn syn himelske Heit.
Realisearje wy ús wêr’t wy de moed fine foar sosjale aksje?

Lêze: Psalm 37:30-40

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, útjûn by de KFFB.
It skilderij op de thússide is ‘Maesta’ fan Duccio di Buoninsegna.
febrewaris 18, 2024 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.