Doede Wiersma: Der boppe-út tild wurde

febrewaris 4, 2024 07:00 Fernijd

Oertinking

De pedagooch Adolf Reichwein (1898-1944) waard om syn ferset tsjin Hitler oppakt en ta de dea feroardiele. Yn in brief oan syn frou skriuwt er dat er fan 5 july oant syn dea yn oktober 1944 alle dagen it ‘Us Heit’ bidde. “Dat joech my krêft”, seit er derby. Dat belibben ek de finzenen yn ’e Jappekampen dy’t it alle dagen songen.
Yn tsjerketsjinsten haw ik altyd in sterke belibbing by it mei-inoar bidden fan it ‘Us Heit’. Wat bringt de gemeente har idealen dan koart en klear ûnder wurden! Wat tilt sa’n gebed ús heech boppe it alledeiske út. Wat kriget ús libben sa in fûnemint en perspektyf!
It gebed giet my troch ieren en sinen as it útroppen wurdt by in iepen grêf. Dan ûndergean ik it as in protest tsjin de wrede dea. As elkenien ferslein en fertrietlik is om wat dy dea teweibrocht, fertrouwe we ús ta oan de Heit yn ’e himel en belide dat we net yn de klauwen fan de dea, mar yn syn hannen binne.
Us tiid hat it dreech mei it leauwen yn in libben nei de dea. Visser ’t Hooft hat ris sein: “As Jezus as lêste wurden kiest: ‘Heit yn jo hannen betrou Ik myn geast’, dan meie wy dy wurden ek as ús lêste brûke.”
Net de wrede dea is dan it lêste, mar it Ryk fan God. Syn krêft en hearlikheid o a n t  y n  i v i c h h e i d.
By ‘ivichheid’ mei ik tinke oan wat Johannes fisjonêr dreamde: “Doe seach ik in nije himel en in nije ierde: want de earste himel en de earste ierde wiene foarby gien. God sels sil harren alle triennen út ’e eagen feie en de dea sil der net mear wêze, likemin as rou, gegûl of pine; want al it âlde is foarby.”

Lêze: Iepenbiering 21:1-4

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, útjûn by de KFFB.
febrewaris 4, 2024 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.