Dissipels ‘The Passion’ bekend makke

febrewaris 17, 2024 08:19

Nei de haadrolspilers hat KRO-NCRV ek de nammen fan de dissipels fan The Passion foar de kommende edysje bekend makke. Aktrises Tamara Brinkman, Jolijn Henneman, Anna Speller, Sterre van Woudenberg, kabaretier Steven Brunswijk, beynfloeder Vera Camilla en acteurs Julian Ras en Robin Frings meitsje de groep dissipels folslein by de streekrjochte útstjoering fan The Passion yn Zeist op tongersdei 28 maart om 20.30 oere op NPO 1.

Foto: ©Sander Mulkens

The Passion is de muzikale passyfertelling fan KRO-NCRV foar elkenien. Jezus’ ferhaal fan leauwe, hoop en leafde ynspirearret jin om it goede te dwaan en neistinoar te stean. Dit jier is de groep dissipels ek wer in gearstalling fan bekende gesichten dy’t yn it muzikale passyferheaal Jezus beselskipje yn syn ‘lêste oeren’. De dissipelrollen steane ek sintraal yn it ferfolch, The Passion Himelfeart op freed 10 maaie.

Ploech The Passion 2024
Al earder makke de omrop buorkundich dat William Spaaij (Jezus), Angela Schijf (Maria), Matteo van der Grijn (Petrus), Keizer (Judas), Gaia Aikman (Maria Magdalena), Robbert Rodenburg (ûnleauwige Tomas) en Anita Witzier (ferslachjouwer) ûnderdiel binne fan it grutte muzikale evenemint yn Zeist.

Passion-praatprogramma
Fuort nei de streekrjochte útstjoering op 28 maart kinne sjoggers trochskeakelje nei Passion Talk op NPO 3. Presintatoaren Klaas van Kruistum en Anita Witzier prate nei mei de ploech en oare bekende gesichten. Wat hat yndruk makke? Dominy Anne-Meta Kobes skoot ek oan foar de tsjutting: wat witte we eins fan Jezus en syn dissipels en wat foar betsjutting hat dat ferhaal foar dizze tiid? Dêrneist komt de Passion-test yn fernijde foarm werom. Sjoggers kinne neigean op hokker persoan út it peaskeferhaal se it meast lykje. Is it Jezus, Maria of dochs Judas of de ûnleauwige Tomas? De earste bylden fan The Passion Himelfeart wurde dan ek dield.

Dit jier wurde The Passion en The Passion Himelfeart mei mooglik makke troch de Protestantske Tsjerke yn Nederlân, Bartiméusfûns, Kânsfûns, de gemeente Zeist en produsearre troch Mediawater.

The Passion wurdt út Zeist wei útstjoerd op Wite Tongersdei 28 maart om 20.30 oere by KRO-NCRV op NPO 1. The Passion Talk wurdt fuortdaliks nei de streekrjochte útstjoering útstjoerd op NPO 3. The Passion Himelfeart wurdt útstjoerd op freed 10 maaie om 20.30 oere by KRO-NCRV op NPO 1.

febrewaris 17, 2024 08:19
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Froukje S. febrewaris 27, 13:46

    En akteur Robin Frings dy’t dissipel spilet sil Nederlânske gebeartetaal brûke 🙂

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.