Bysûndere 16e-iuwske Medici-flesse komt nei Ljouwert

febrewaris 6, 2024 08:18 Fernijd

It Nasjonale Keramykmuseum Prinsessehof yn Ljouwert presintearret Porseleinkoorts: het witte goud van Augustus de Sterke en Madame de Pompadour. De útstalling sketst de spektakulêre ûntsteansskiednis fan Europeesk porslein; in konkurrinsjestriid fol yntriizjes, spionaazje en drama.

Medici-flesse út 1581 (boarne: Porzellansammlung, Staatliche Kunstsammlungen Dresden, foto: Adrian Sauer)

Startpunt fan de útstalling is in seldsume Medici-flesse. It 16e-iuwske foarwerp, makke yn de Medici-wurkpleats yn Florence, is it resultaat fan it alderearste suksesfolle porsleineksperimint yn Europa. It stik draacht it wapen fan Filips II fan Spanje, wat oantoant dat dy alderearste porsleineksperiminten ek grutsk brûkt waarden as diplomatyk geskink. De Medici-flesse, makke om 1581 hinne, komt fan de wrâldferneamde keramykkolleksje yn Sèvres spesjaal nei Ljouwert foar de útstalling Porseleinkoorts. Yn Nederlân is gjin Medici-porslein yn museale kolleksjes te finen. De útstalling yn Ljouwert biedt dêrmei in seldsume kâns foar Nederlânsk publyk om sa’n bysûnder stik fan tichteby te bewûnderjen.

Yn de útstalling Porseleinkoorts ûntdekt de besiker it oarsprongsferhaal fan it Europeeske ‘wite goud’, in kantelmomint en absolút hichtepunt yn de keramykskiednis. Oant yn it begjin fan de achttjinde iuw wurdt yn Europa allinnich ierdewurk en stienguod makke. Se binne der dan noch net yn slagge om dat prachtige, tinne, wite porslein út Azië nei te meitsjen. Sûnder it porsleinresept en kennis fan de essinsjele yngrediïnten is de Europeeske elite foar syn driuw om te  sammelje op de ymport fan Aziatysk porslein oanwiisd. Dat feroaret as yn 1708 yn Meissen einliks de juste grûnstof (kaolien) fûn wurdt. In wiere porsleinkoarts brekt út, dy’t hiel Europa yn ’e greep hâlde sil.

Foks mei hoanne, 1732 (boarne: Porzellansammlung, Staatliche Kunstsammlungen Dresden, foto: Adrian Sauer)

Bistetún
Neist de bysûndere Medici-flesse út 1581 binne der mear spektakulêre brûklienen yn de útstalling te sjen; in tsiental libbensgrutte bisten út de porsleinen bistetún fan Augustus de Sterke, technyske keramyske keunststikken fan byldhouwer Johann Gottlieb Kirchner, mar ek it unike oantekenboekje fan Jean Hellot, de earste gemikus fan it Sèvresfabryk. Efter alle foarwerpen skûlet in bysûnder ferhaal dat de porsleinmany yn de 18e iuw yllustrearret, lykas in meters hege Sineeske dragonderfaas. Frederik van Pruisen ruile de faas, mei noch 151 oare porsleinen foarwerpen, mei Augustus de Sterke foar mar leafst 600 fan syn soldaten.

Haadpersoanen
De nije útstalling en byhearrende publikaasje sketse de ûntsteansskiednis fan Europeesk porslein; in wûnderlike konkurrinsjestriid fol yntriizjes, spionaazje en drama. Twa haadrolspilers, Augustus de Sterke, karfoarst fan Saksen, Kening fan Poalen en oprjochter fan it Meissen porsleinfabryk yn Dútslân, en Madame de Pompadour, mêtresse, kultureel adviseur en betrouwelinge fan Kening Loadewyk XV en beskermfrou fan it Sèvres porsleinfabryk yn Frankryk, spylje in kaairol yn dizze porsleinkoarts fan de 18e iuw.

De útstalling Porseleinkoorts is fan 2 maart o/m 1 septimber 2024 te sjen yn Keramykmuseum Prinsessehof yn Ljouwert. Sjoch op www.princessehof.nl foar mear ynformaasje.

Kampanjebyld ‘Porseleinkoorts’ (byld: Prinsessehof Ljouwert)

febrewaris 6, 2024 08:18 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.