Briefkje (105): Tink nei en lês nei

febrewaris 27, 2024 08:00 Fernijd

Jan Breimer reagearret op it lêste brief fan Ed Knotter.

Bêste Ed,

Do hast ferline wike de fraach “in sin wol of net mei in ferhâldingswurd begjinne?” moai en dúdlik beäntwurde. Benammen de foarbylden by it begryp ferhâldingsfoarwerp makken de saak helder. It is my wolris ôfret, dy typysk Fryske sinbou. Dy soe net te begripen wêze, krekt trochdat minsken sokke konstruksjes net faak (mear) hearre of ûnder eagen krije. Do stipest my lykwols om dêr dochs wat mear acht op te slaan, sawol yn myn eigen skriuwen (en praten) as by it neisjen fan teksten fan oaren.

Dy lêste kategory kom ik nochal ris ûnlogyske konstruksjes yn tsjin. As in sin foar myn gefoel net goed rint, sykje ik út oft en hoe’t it oars kin. Gauris moatte dan hiele wurdgroepen fan plak feroarje. As dy net goed steane, kinne se net allinne nuver oandwaan, mar der kin ek in ferkearde suggestje fan útgean. Ik betink no mar in oerdreaun foarbyld: “Teätergroep Pipo sil op woansdeitemiddei 28 febrewaris in foarstelling jaan foar skoalbern yn Tritsum om 14.00 oere yn doarpshûs It Trefpunt.”

Alles stiet deryn: troch wa’t foar wa’t wêr en wannear wat dien wurdt. Yntreejild en eintiid ûntbrekke der noch oan. Dochs foldocht de sin net. De begjintiid hie better by de datum stean kinnen. Dan hiene dy gegevens mei-inoar de wurdgroep fan tiid foarme. De wurdgroep fan plak wurdt foarme troch Tritsum en It Trefpunt. Dat kin ek better byinoar stean. No liket it wol as soe de foarstelling inkeld foar Tritsumer bern wêze. As dat de bedoeling is, moat it dúdliker sein wurde.

As ik sa’n wat gaoatyske oankundiging oarderje wol, gean ik faak op it gefoel ôf, mar ik kin my ek ôffreegje wat oft foar de lêzer fan it berjocht it belangrykst is: de spilers of de doelgroep? Of is dat it plak? It antwurd hinget ûnder mear ôf fan wêr’t it berjocht yn te lêzen is: in doarps- of streekblêd of in struibrief fan de teätergroep? It hinget ek ôf fan it plak fan de sin yn it berjocht: boppeyn (sadat it neier taljochte wurdt) of ûnderyn (as in gearfetting fan it berjocht).

Lit ús der mar fan útgean dat it foar de Tritsumers belangryk nijs is. Dan sette we it plak foarop. Fansels, alle oare aspekten dogge der ek ta, dat hoe’t de sin fierder rint, wurdt útmakke troch de faktoaren dy’t ik al neamde.
It is ek goed om nei te gean oft it ek mei minder wurden ta kin. Elkenien wit wol dat 14.00 oere middeis is, mar net samar dat 28 febrewaris op in woansdei falt. De minsken yn Tritsum en omkriten witte wol dat It Trefpunt it doarpshûs is. Dy’t dat net witte, misse der net folle oan as we dat wurd weilitte. Is it wol nedich om by it tiidwurd ‘jaan’ de dantiid te brûken? Op dy woansdei sil de groep de foarstelling net jaan, nee, dy jout er dan! Nei al dy oerwagingen soe it sa kinne: “Yn It Trefpunt yn Tritsum jout teätergroep Pipo op woansdei 28 febrewaris om 14.00 oere in foarstelling foar skoalbern.”
As it krekt fan belang is om de doelgroep foarop te setten, is it better en doch it sa: “Foar skoalbern jout teätergroep Pipo op woansdei 28 febrewaris om 14.00 oere in foarstelling yn It Trefpunt yn Tritsum.”

Yn stee fan alles yn ien sin te propjen, ferpartsje ik de gegevens leaver oer twa sinnen, bygelyks sa: “Foar skoalbern jout teätergroep Pipo in foarstelling yn Tritsum. Dat sil wêze op woansdei 28 febrewaris om 14.00 oere yn It Trefpunt.”

Wat ik mar sizze woe: it is altyd goed om jins eigen skriuwwurk ien of twa kear nei te lêzen en jin ôf te freegjen oft de lêzer dúdlik ynljochte wurdt.

Mei freonlike groetnis,

Jan

febrewaris 27, 2024 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.