Briefkje (104): In trúkje hawwe wy neat oan

febrewaris 20, 2024 08:00 Fernijd

Bêste Jan,

dyn brieven, en minent nammers ek, sitte faak mear ûnderwerpen (fragen en opmerkingen) yn as dat ik, en do dus ek, beäntwurdzje kin. Dat kin ek hast net oars, want oer taal rekket men nea útpraat. It ûnderwerp dat ús it nijsgjirrichst liket, geane wy op yn.
Is it dy al opfallen dat ik no al twa kear in sin net (mei sin net) mei in ferhâldingswurd begûn bin? Dat is in wichtige regel dêr’t Jaap ús, mei tank oan syn beppe, op wiisd hat. Dêrby giet it foar it meast om oerdrachtlike formulearringen of, in bytsje konkreter, om in ferhâldingswurdfoarwerp. Tink oan hâlde fan (Kola hâld ik net fan) of wachtsje op (De trein stean ik al in healoere op te wachtsjen). Dat wol net sizze dat in sin nea mei in ferhâldingswurd begjinne kinne soe. Beppe sil net sein hawwe fan: “Grou wie it feest yn.” Nee, Yn Grou wie it feest is hiel gewoan. Sy soe in sin, of alteast in tekst, ek net gau mei ik begûn wêze. Dat liket my eins gjin taalnoarm, mar earder in fatsoensnoarm. Yn beppe har tiid hearden se harsels net foarop te stellen. It foarbyld fan dy trein dêr’t ik op stie te wachtsjen komt noch wat oars út nei foaren (mei sin set ik út net foaroan). As men sizze soe “Op de trein stean ik te wachtsjen”, soe it byld ûntstean kinne dat ik boppe op dy trein stie. Dat wie fansels net sa, want op it perron stie ik te wachtsjen. It ferhâldingswurd (op) kin dus ferbûn wêze mei de aktiviteit (it wachtsjen) of mei it konkrete plak (it perron). It liket my typysk eat fan it Frysk om dat ferskil út te drukken, yn dit gefal op syntaktyske wize. It ferhâldingswurd ferskoot nei efteren mei’t it in oare, minder konkrete, funksje hat.

Mei it idee dat Frysktaligen earder nei de konkrete situaasje ferwize en Hollânsktaligen mear nei de wurden yn de tekst, kom ik op it wichtichste punt yn dyn brief: is tal/oantal no inkeld- of meartal? It is mar wat jo bedoele. Yn it foarbyld fan it tal fûgels dat opfleach/dy’t opfleagen is dúdlik dat it óf om in oantal te rêden is mei fûgels as spesifikaasje, óf om fûgels mei de oantsjutting dat it om in smite giet. (Do sjochst dat dyn list fan hoemannichten wakker ynspirearje kin.)
De regel dat it begryp aantal altyd iental is, wurdt yn it Hollânsk nochal steech oan fêstholden. As ik myn sin sis, is dat stiif en skoalsk (negatyf bedoeld). Wy hoege dat yn it Frysk net oer te nimmen. Dat past net by de eigenskip dat Frysktaligen mear nei de konkrete situaasje sjogge: oantal kin net fleane, fûgels kinne dat wol. As it yn in sin mei klam om it begryp oantal giet (bygelyks: it oantal automobilisten is tanommen), dan binne we oan it tellen; dat is klearebare statistyk. De automobilisten binne net tanommen, mar de hoemannichte dêrfan. Neffens it Prisma Stijlboek sit it ferskil him yn it lidwurd of it oanwizend foarnamwurd dat foar aantal/oantal stiet. Sa wurdt it faak op skoallen oanleard en dat wurket goed, want de learlingen kieze dêrmei de goede tiidwurdsfoarm. Mar wat leare se dêrfan? It is in (handich) trúkje. It brûken fan it of in, dit of dat is lykwols net de reden, mar it gefolch fan de redenaasje. As oantal it ûnderwerp yn de sin is, brûke we it beskate lidwurd en as oantal in eigenskiplike bepaling by it ûnderwerp is, is it lidwurd ûnbeskaat. De oanwizende foarnamwurden kinne fansels net ûnbeskaat wêze.

Hoewol’t ik it net fan doel wie, is it dochs noch in dreech ferhaal wurden. Dat hie om Jaap syn beppe net hoegd.

Mei freonlike groetnisse,

Ed

febrewaris 20, 2024 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Lútsen febrewaris 20, 09:47

    Men lêst en heart hieltyd mear oerset Nederlânsk. Wat ik in griis fyn is: in tal jierren of dagen lyn. Dat beart as skuorde klokken. ‘Een aantal’ is yn geef Frysk ‘in stikmannich’. It moat wêze: in deimannich en in jiermannich lyn. ‘Een aantal daarvan’ wurdt sleauwei oerset mei ‘in tal dêrfan’ ynstee fan ‘guon dêrfan’. Afûk en Akademy dogge der sels oan mei. Foarbylden by de roes. Skande.

  2. Jaap febrewaris 21, 12:20

    Tige tank, Ed. No begryp ik folle better hoe’t ús beppe dat bedoelde.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.