Briefkje (103): Wannear inkeld-, wannear meartalsfoarm?

febrewaris 13, 2024 08:04

Jan Breimer reagearret op Ed Knotter syn brief fan ferline wike.

Bêste Ed,

Wat kin it nuver beteare. Ik miende yn dyn brief fan ferline wike te lêzen datsto my efkes geweken naamst oer it feit ik it wurd ‘gedachte’ brûkt hie. Ik hie dêr better (it) tinken skriuwe kinnen, miende ik te lêzen, dat de kleuren giene my suver op en ôf. Hoe koe ik sa sleau wêze! Neidat ik dat bewuste brief fan my der nochris op neilêzen hie, wist ik it wer: ik hie it ommers oer it Hollânkse gedachte, dat as meartal gedachten en gedachtes hat. Dêr hawwe we no wol genôch oer redendield, mar we kinne it wolris oer in oare kwestje hawwe dêr’t it meartal ek mei mank is.

Ferline wike lies ik dat yn in dyk “in stikmannich swakke steeën oanpakt wurde moast”. Is moast dêr wol goed? As oanjûn wie dat it om fiif fan dy steeën gie, hie der stien dat “fiif swakke steeën oanpakt wurde moasten”. In stikmannich is as telwurd brûkt; it hie ferfongen wurde kinnen troch in fiiftal. Mar hoe sit it dan mei it wurd tal? Op skoalle learden we dat by aantal (en dus ek by oantal of tal, tink ik dan) de tiidwurdsfoarm inkeldfâld heart: “In tal minsken wie siik en koe dus net komme.” Oantal en tal binne gjin tel- mar haadwurden. Dêr soe it ferskil yn sitte en dat is der by guon minsken yndruid. Mar is dat wol sa? Dat siik wêzen en net komme kinnen wurdt dochs sein fan minsken (meartal) en net fan it oantal (iental)? Ik lies dêr yn Prisma Stijlboek in drege útlis oer dy’t derop delkomt dat by it ûnderwerp (oan)tal it tiidwurd sawol yn de mearfâlds- as yn de inkeldfâldsfoarm stean kin en dat wurdt ferdúdlike mei in foarbyld: “Doe’t der sketten waard fleach/fleagen in tal fûgels op.” Beide goed dus. Mar, folget der dan op: As der it, dit of dat foar (oan)tal stiet, wurdt it altyd folge troch de inkeldfâldsfoarm fan it tiidwurd. Foarbyld: “It tal syktegefallen bliuwt gelyk.” Wylst ik eigentlik oan dy freegje woe hoe’tsto mei dy kwestje omgiest, haw ik troch ûnderwilens yn de boeken om te sneupen it antwurd al fûn, tink ik. De útlis liket my sa helder dat ik him graach trochjou. Wat tinkt dy?

It sit him dus net yn de fraach: telwurd of haadwurd? Sneupendewei kaam ik op withoefolle haadwurden dêr’t we in oantal mei ferfange kinne, te folle om dy hjir wer te jaan. Se binne hjir te finen. Ik wit net hoe’t it dy giet, mar nei myn betinken binne tal en oantal neatsizzende wurden. Se sizze neat omdat alles (ien en mear as ien) in tal is. As folslein ûnbekend is oft it om in bytsje of om in soad te rêden is, dan is in tal noch yn te skikken, mar meastal is it, nei myn betinken, moaier en better en meitsje gebrûk fan in passend alternatyf sa’t dy op de taheakke list steane.

Op dyn brief fan ferline wike reagearre ‘Jaap’ mei in pear kwestjes. No soe ik it oan dy oerlitte kinne om dêr takomme wike op yn te gean, mar dan duorret it al mei al wol lang ear’t Jaap fernimt dat we syn reaksjes lêzen hawwe. Dêrom gean ik hjir op de earste yn: ‘dyn lêst brief’ of ‘dyn lêste brief’?
In hoartsje lyn hat ien fan ús ris skreaun dat er op ‘it lêst brief’ fan de oare reagearre. Dêr kaam doe dalje op en we hawwe it fuort en daliks ferbettere. It eigenskipswurd lêst foar in haadwurd bestiet net. Wy kinne wol sizze “Hy kaam it lêst”, mar dan is lêst in bywurd.

Mei freonlike groetnis,

Jan

febrewaris 13, 2024 08:04
Skriuw in reaksje

7 opmerkingen

  1. Jaap febrewaris 13, 18:44

    Jan fuort mar efkes út ‘e dream helpe…
    Wy brûke de grûnfoarm fan in eigenskipswurd by in haadwurd yn it neutrum as dat eigenskipswurd NET foarôfgien wurdt fan in beskaat lidwurd of fan in oanwizend foarnamwurd. En de foarm mei -e nei in besitlik foarnamwurd brûke wy inkeld as it om in komparatyf giet of as diel fan in fokatyf.

  2. Jaap febrewaris 13, 19:02

    ‘… of diel fan in fokatyf is.’ hie de sin mei einigje moatten, sjuch ik no.

  3. Lútsen febrewaris 14, 09:02

    Unbegryplik foar in leek, Jaap. In pear foarbylden soene it ferdúdlikje.

  4. Jaap febrewaris 14, 19:02

    Jawis, Lútsen!
    Grûnfoarm mei -e: it/ús jongste famke, myn leave bern!
    Grûnfoarm (dus sûnder -e): âld sear, wat in lang brief!
    Sa dúdliker?

  5. Jaap febrewaris 14, 19:13

    Oe heden, Jan, no geane de kleuren my op en ôf. Ik hie yn myn útlis sizze moatten ‘oertrefjende trep’ (ynstee fan fergrutsjende). Ik sjuch it no pas, no’t Lútsen my ferge mei foarbylden te kommen. Mea culpa, mea maxima culpa! Ik sil my tenei de bek hâlde.
    Myn ynlikste ûntskuldigings!

  6. Lútsen febrewaris 15, 10:56

    It bliuwt ûndúdlik. Ik haw begrepen: besitlik foarnamwurd by in it-haadwurd gjin -e: myn âld hûs, dyn ynleaf famke, ús lûd protest, jim knoffelich hanneljen.

    ‘Oertrefje’ is neffens my ek net goed.

  7. Jaap febrewaris 16, 16:13

    Hast gelyk. Ynterferinsje mei ‘fergrutsjende’, tink.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.