Briefkje (102): Net neibauwe, mar neitinke

febrewaris 6, 2024 08:00 Fernijd

Ed Knotter reagearret op Jan Breimer syn lêste brief.

Bêste Jan,

yn dyn brief fûn ik opmerkingen dêr’t ik graach op trochtinke woe. Ik wol besykje om ferbiningen te lizzen tusken wurden en útspraken dy’t my troffen. Miskien ljep ik wat te folle hinne-en-wer, mar dat wol (my) gauris helpe om klearrichheid en nuânsen te finen yn wat der sein wurdt.

As minsken kieze foar gemeentes, hichtes en bedeltes, dan bauwe se de Hollanners nei, skreaust. De spiker op ’e kop, tinkt my, want dat hat neat mei emoasje út te stean. Mar as dyselden derop oansprutsen wurde, binne harren reaksjes oerladen mei emoasje. Is it dan net moai as minsken fûl reagearje op dingen dêr’t se in gefoel by hawwe? Jawis, mar hoe sit it krekt mei dat gefoel? No haw ik de wurden emoasje en gefoel njonkeninoar brûkt, mar dy binne net folslein synonym. Emoasjes binne net itselde as gefoelichheden. As ik dat sa sis, kin men der fuort wat by fiele, mar kin men der ek wat by tinke? Fielen en tinken binne twa mentale prosessen dy’t deun byinoar lizze, mar dy’t dochs hiel ferskillend binne. En sa folget hjir no in ljepke nei in oar wurd yn dyn brief, nammentlik gedachte.

Do hast it Hollânske wurd brûkt as de wurking fan it tinken, in abstrakt begryp sûnder meartal. Dêr kin ik yn it Frysk gjin oar wurd foar fine as (it) tinken. As de ynhâld fan dat tinken konkreter wurdt, is it yn it Frysk in tins (yn it Hollânsk in gedachte). It meartal dêrfan is tinzen; dêr is gjin lienwurd foar nedich. Krekt as oandacht is gedachte skealik foar it Frysk, want tinke, tins en omtinken hawwe in t en dy wurdt mei dy ynterferinsjes ferkrongen. Boppedat ‘fielt’ in wurd dat begjint mei ge- net sa Frysk.

By it neipraten wurdt net allinnich it praat mar ek it tinken oernommen. Dêr giet de diversiteit yn tinken mei hinne en is dat net it dierberste dat wy hawwe? Ik soe hast sizze: neipraten wurdt neitinken. Mar tink derom, de klam leit no op nei en net op it tinken sa’t dat yn de gjalp boppe dit brief bedoeld is. Men kin djip oer eat neitinke, mar domwei neitinke is o sa oerflakkich. Dat subtile betsjuttingsferskil hie ik noch net betocht doe’t ik oan dit brief begûn. Datselde ferskil spilet ek by neipraten. Nei ôfrin fan b.g. in foarstelling kin men noch efkes ‘neiprate’ (derop weromkomme en jins tinzen deroer útwikselje), mar by it oare neipraten wurde benammen de wurden (mear as lûden dan as tinzen) oernommen. Dat wurdt moai útdrukt mei it tiidwurd neibauwe (neiaapje, neibeare).

Dan wol ik no noch in kear ljeppe, mar no nei in oar ûnderwerp. Troch in krantekop kaam ik op de trep min-minder-minst. As it min waar is, is it net bêst, mar it kin faaks noch minder. It alderminst wol men leaver net meimeitsje. It waar wurdt minder hâldt yn dat it der net better op wurdt. Mar wat wurdt no krekt bedoeld mei ‘it reinen wurdt minder’? Men soe sizze kinne dat it dan minder min (minder slim) wurdt: it reinen nimt ôf. It wurdt dus net minder, mar better!
Boppe in artikel yn de Ljouwerter stie okkerdeis: ‘Het minste wat je kunt doen is … ’ en op de puntsjes stie eat posityfs. Dat brocht mei op ’e doele: hoe kin eat posityfs no it minste wêze? Ik wol de minste net wêze en jou fuort ta dat mei dat ‘minst’ it minimale bedoeld waard (kwantitatyf, sis mar) en net it slimste (kwalitatyf). Nuver hear, sa’n tsjinstelde betsjutting yn ien wurd. Of is der mear te rêden en is dit in ynterferinsjeprobleem?

Mei net de minste groetnisse,

Ed

febrewaris 6, 2024 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Jaap febrewaris 6, 18:37

    ‘Ed Knotter reagearret op Jan Breimer syn lêst(!) brief’ neffens my (dat wat oars is as syn lêstbrief 😉 ).
    En, as it my net mist, hat Sytze T.H. my ris út ‘e doeken dien dat de meartals-s yn withoefolle wurden ynienen ferfongen wurde moast troch -en. Wêrom? Om’t dy -s neffens de taalwetsizzers tefolle klam lei op it sibskip mei it Ingelsk en de bern just Hollânsk leare moasten.
    Dat, it ferhaal dat de meartals-s in ynslûpsel wêze soe út it Hollânsk wei, wol my dêrom mar min oan. Wat is it no?
    Dêrom net, soene jimme yn jim rubryk ris omtinken jaan wolle oan de Hollânske sinsbou dy’t men wat langer wat mear sjucht? Us beppe wie der bygelyks krekt op dat in sin – as it heal koe – net mei in ferhâldingswurd begûn. Freegje my net wêr oft se dy regel wei hie, mar se soe it boppesteande brief úteinset hawwe mei ‘Bêste Jan, ik fûn opmerkings yn dyn brief…’ en fierderop soe se de sinsbou feroare hawwe nei ‘Men kin nei ôfrin fan b.g. in foarstelling noch efkes neiprate…’
    Myn fraach is eins: wie ús beppe yn ‘e beane of is dy taalregel yn ‘t ferjit rekke?
    Myn tank yn it foar!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.