Bouwe de Boer: Oei, ik bloei

febrewaris 10, 2024 08:00

Kollum

Fryslân hat mear as fyftjin doarpen mei in bloeisône-inisjatyf (www.bloeizone.frl). De bloeibeweging komt fan de saneamde blauwe sônes (Blue-Zones) sa’t dy op ferskillende plakken yn ’e wrâld besteane. Dêr libje minsken dy’t frij maklik op in sûne wize hûndert jier wurde. Hoe’t dat kin? Eigentlik ienfâldich te begripen. It giet om njoggen prinsipes dy’t se tapasse:

  1. in soad natuerlik bewege
  2. foar sinjouwing soargje
  3. stress mije
  4. 20% minder ite
  5. safolle mooglik giffrij, plantaardich ite
  6. net te folle wyn drinke
  7. foar leauwe en spiritualiteit iepen stean
  8. famylje en freonen foaropsette
  9. foar sosjale (groeps)kontakten soargje

Hieltyd mear minsken yn Fryslân binne fan betinken dat dy útgongspunten hjir goed passe, en wolle dermei oan ’e slach. Bakkefean wie sa’n seis jier lyn it earste doarp dat der ûnder lieding fan húsdokter Jonneke Brouwers mei begûn.

Yn 2023 holden se yn Wergea in eksperimint om in wike lang mei de doarpsgenoaten yn aksje te wêzen. It doel wie om de bloeibeweging oanwaakse te litten. Dy wike, yn juny, waard in grut sukses trochdat mear as de helte fan de Wergeasters yn aksje kaam. Swimme, fytse, sûn ite, freonskippen oangean, mei-inoar muzyk meitsje, omtinken foar natuer en klimaat en … alles sels betocht. En fansels alles foar jong en âld. Wergea wol dat alle jierren grutter meitsje en hat al in aktyf bloeisônebestjoer.

Mei-inoar ite yn Wergea. Foto Xanne Vera

Yn de kommende simmer dogge fiif oare doarpen ek oan in bloeiwike mei: Grou, Akkrum, Berltsum, Wâldsein, Eastermar en fansels Wergea ek wer. Yn dy doarpen binne se no al drok mei de tarieding dwaande. Se wurde dêrby stipe troch de Freonen fan Fossylfrij Fryslân en Arcadia. Wy hearre no al boeiende ideeën om dy yn de bloeiwike út te fieren. Yn Wergea sil it yn de wike fan 3 juny heve, yn Akkrum begint it al op 13 maaie en yn Grou starte se op 3 juny. Net allinne mar fytse, swimme en muzyk meitsje, mar ek mei-inoar op ’e dyk lokaal ite, films en kabaret sjen, enerzjy besparje of in dielauto … alle doarpen meitsje harren eigen programma.

As jo in kreatyf en boeiend bloei-idee hawwe, lit it dan oan de lokale Bloeiers witte!

Dit is nûmer 85 yn de rige Fryslân – Skjinnerlân
Bouwe de Boer wennet yn Akkrum en is projektlieder fan Freonen fan Fossylfrij Fryslân.

 

febrewaris 10, 2024 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.