Blauhús is op ’e siik nei histoaryske foto’s

febrewaris 25, 2024 08:17

De wurkgroep Histoarysk Blauhús organisearret op de sneonen 2 maart en 13 april, fan 13.30 oant 17.00 oere, yn kafee De Freonskip in ynbringmiddei foar foto’s.

Boarne: Wurkgroep Histoarysk Blauhús

De wurkgroep ropt elkenien op om lâns te kommen mei foto’s fan strjitten, aktiviteiten, famyljes, groepen, winkels en oare bedriuwen, mar ek mei aansichtkaarten, portretten fan it boerelibben, gebouwen en doarpsoansichten fan Greonterp, Westhim, Wolsum en Blauhús. Dokuminten, Fan Eigen Hiem-doarpskranten en fotoboeken binne ek wolkom.

Boarne: Wurkgroep Histoarysk Blauhús

“We binne gek op foto’s, ek út de tachtiger en njoggentiger jierren. Alles wurdt daliks scand, registrearre en oan de eigener weromjûn”, lit de organisaasje witte. “Der is fergees kofje en tee. Oan de rûne tafel kin men gesellich oer jins foto’s fertelle. En der is in presintaasje fan foto’s út ús argyf.”

Boarne: Wurkgroep Histoarysk Blauhús

Digitale foto’s binne wolkom fia historischblauhus@blauhus.nl.

It doel fan de aksje is om it argyf op te bouwen en dat op in nije webside fan Histoarysk Blauhús en omkriten te publisearjen.

Boarne: Wurkgroep Histoarysk Blauhús

febrewaris 25, 2024 08:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.