Bernefestival yn ’e maitiidsfakânsje yn De Lawei

febrewaris 4, 2024 08:22 Fernijd

De maitiidsfakânsje stiet by De Lawei yn it teken fan it KidsFestival. Foar de lytse teäterleafhawwer en de hiele famylje is dêr genôch by te belibjen. Magyske, spannende en muzikale foarstellingen steane op it programma, lykas Super Magic! fan Steven Kazàn & Jamie of de akrobatyske muzykfoarstelling Hebbes fan WIRWAR Producties & Frisse Oren. Yn de filmseal draaie ûnder oaren de bernefilms Wish en Juf Braaksel, en der binne in protte wurkateliers te folgjen,mei Dance Camp Kids, Sirkus & Akrobatyk, Teäter, KidsGarage en it KidsAtelier, om mar in pear te neamen.

Foto: De Lawei

Foarstellingen
Op 17 febrewaris is de foarstelling De jongen, de mol, de vos en het paard te sjen: in foarstelling oer freonskip en treast. Steven Kazàn & Jamie bringe mei Super Macic! in betsjoenende ûnderfining foar de hiele famylje op 17 febrewaris. In akrobatyske muzykfoarstelling oer de wissichheid fan fêsthâlden en it aventoer fan loslitten mei Hebbes op 21 febrewaris. De spannende, muzikale dûnsfoarstelling Zwerfhonden op 22 febrewaris is ynspirearre op it ferhaal De hond die de tsaar in zijn been beet fan Toon Tellegen. Juf Roos is werom op 25 febrewaris mei Een partijtje voor Gijs.

Films
Wish, de epyske, animearre muzikale film fan Disney, is op 20 en 23 febrewaris yn de filmseal te sjen. Op 20 en 21 febrewaris sil Juf Braaksel mei in boel regels de klasse fan Lotte en Thijs op ’e kop sette. Twa films yn ien mei: Bartele Bûse + De Swarte Krie fan de Deelen op 21 febrewaris. It fantasyrike epos The Boy and the Heron is op 22 febrewaris te sjen. De film Wonka, neffens Roald Dahls ferneamde berneboek, is op 23 febrewaris te sjen.

Wurkateliers
Op 21 febrewaris kinne bern yn it Teäterwurkatelier harren eigen ferhaal betinke en yn ’e rol fan in oar krûpe. Bern dy’t leaver de magy fan it sirkus ûntdekke wolle, kinne op 21 febrewaris it wurkatelier Sirkus & Akrobatyk folgje. Of se kinne kreatyf oan ’e slach yn de wurkateliers KidsGarage (22 febrewaris) of KidsAtelier (23 febrewaris). By Dance Camp Kids op 19, 20 en 21 febrewaris wurkje bern yn trije dagen op in eigen dûnsfoarstelling ta.

Foar mear ynformaasje en kaarten: www.lawei.nl/kidsfestival.

febrewaris 4, 2024 08:22 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.