Arjan Hut: Leafste, kom!

febrewaris 12, 2024 15:42

Kollum

Jan Douwe Kroeske. Foto Guido van Nispen, boarne Wikimedia Commons, CC BY 2.0

“Alle gedichten gaan toch in principe over liefde of de dood?” Jan Douwe Kroeske sjocht my oan. It is 2018, we sitte yn it Obe-paviljoen op it Aldehouster Tsjerkhôf. In live-útstjoering fan de 2 Meter Sessies, mei publyk. Ik lit syn opmerking efkes yn my omgean. Lang oan tiid om te prakkesearjen haw ik net, want hy hifket daliks troch: “Waar gaan jou gedichten over, liefde of de dood?”

Wêrom tink ik dêr no wer oan? It is hast Falentynsdei en ik sil op de radio wat tips jaan oer it skriuwen fan leafdesgedichten. Mar hjoed earst in rige wurkwinkels op it Beyers Naudé. We meitsje gedichten om foar te dragen op 15 april, de Fryske befrijingsdei. Sa draaie oarloch, dea, frijheid en leafde my yn ’e plasse om. 

Ja, leaver konsintrearje ik my op de leafde. Ik ha wolris gelegenheidsleafdesfersen skreaun mei Falentyn yn de Afûkwinkel. In stik of tweintich minsken kamen del. Ek in Mory, út Iran. Dy sit, wylst ik dit stikje typ yn de stúdzjeseal fan Tresoar, foar my oer. Hy is ferkâlden en skaakt fia de kompjûter. Soe er it noch witte, fan  dat gedicht dat we makken? Ik sil him no net steure, hy stint op de folgjende set, hat it swier mei syn tsjinstanner út Meksiko.

Gauris stie Baukje Wytsma (1946-2022) yn de Afûk-winkel mei Falentynsdei. Yn Wytsma har bondels tilt it op fan de leafdesgedichten, sy wie dêr o sa betûft yn. Se skreau ek oer de dea, mar foaral oer leafde. As it net de romantyske leafde wie, dan wol de leafde foar it doarp, foar de âlden, foar de bern, foar in eilân, de skjintme, de fantasy of it libben sels. 

Myn eigen leafdesgedichten binne earder dreamerich, tink ik, yn alle gefallen net sa liiflik. Dy fan har binne dat wol, en ek wol eroatysk. Lykas Nachtpark. It is moai koart, dat ik tink dat ik dizze foarlêze sil op de radio. Yn Nederlân moat it altyd koart. 

Nachtpark. Allinne de titel ropt by my al in soarte fan poëtyske leafde op, fan: spannend, yn ‘e skimer en ivich jong. Lampionnen. Nee, net in nachtpark dêr’tst mei in boksbûgel en in spuitbus ‘mace’ trochhinne moatst, mar in park fol freonen.

Yn it gedicht fan Wytsma is it park in lichem dat him iepenstelt en de leafste oanfiteret. Hiel wat oars as myn mankelike skoaljongesdream. Leafste, kom! Giet it hjir oer de lytse dea? De beammen roppe de wyn en it is waarm en tsjuster. De leafde, de dea, ja Baukje Wytsma hie Jan Douwe Kroeske dêr wol it ien en oar oer fertelle kinnen. 

Nachtpark

Ik bin in nachtpark, dêr’t de fûgels sliepe.
Hear hoe’t de beammen rûzjend roppe: de wyn, de wyn.
Swart en soel waait de nacht troch myn poarte.
Hoe swiet is de geur fan myn blombêd. Leafste kom.

(Baukje Wytsma, út de bondel Heech Gers, Friese Pers, 1987)

Baukje Wytsma (boarne: Tresoar)

febrewaris 12, 2024 15:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.