Anne Dykstra: Jasses

febrewaris 28, 2024 08:00 Fernijd

Kollum

Unfoech praat (69)

In faak foarkommende metoade om bastertflokken te foarmjen is it ferfangen fan in lûd. God(ferdomme) wurdt dan gad(ferdamme), Jezus wurdt jasses en Heare Jezus wurdt ferfoarme ta harrejasses. Jezus syn efternamme feroaret yn krastes en sa ha we wer in bastertflok om it moed te romjen:  jasseskrastes! Harrekrastus komt fansels fan Heare Kristus. Dat heart allegearre dochs wat minder slim as it orizjineel, wylst je der dochs al jo ferheardens, kjellens of argewaasje mei blike litte kinne.

By dizze bastertflokken skimeret it orizjineel der noch moai dúdlik troch hinne, te dúdlik faaks, dêrom wurde guon bastertflokken noch fierder ferbastere. As we (harre)jasses feroarje yn (harre)jakkes, dan binne we al wer in moai ein fan Jezus Kristus ôf. Suver net werom te kennen wurden binne de bastertflokken jokes en jeukes. Yn jakkes sjogge we in feroaring fan it bylûd, de oarspronklike z is in k wurden. Feroarjen fan in bylûd komt faker foar. Feroarje de g fan godfer yn in p en je krije potfer. Ferkoartsje is ek in manier om bastertflokken te meitsjen. Jee is in ferkoarte foarm fan Jezus en goh is gewoan God sûnder d. In moai foarbyld fan ferkoartsjen is it mei in skerpe oanblaasde t útsprutsen tomme!

febrewaris 28, 2024 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.