Anne Dykstra: Godskes

febrewaris 7, 2024 08:00 Fernijd

Kollum

Unfoech praat (66)

In bastertflok is neffens Van Dale in ‘vloek die opzettelijk verminkt is en daardoor onschuldiger klinkt’. Soms giet dat ferbasterjen sa fier dat der amper mear in flok yn werom te kennen is. Foar de minske teminsten net, de Almachtige ha je samar net te fiter.

Godskes kinne je noch wól oan sjen dat it eins in flokwurd is. In soad lju sille godskes grif net sa slim fine. Faaks dat dat komt trochdat de ferlytsingsútgong it gâns fersêftet. Sa leit Van Sterkenburg it yn syn boek oer flokken teminsten út. Hearegodskes, tocht ik noch, komt godskes ek yn it Nederlânsk foar? Heden noch ta, altyd tocht dat dat typysk Frysk wie.

Heden is trouwens in ferbastering fan heare, dat sels ek wer as krêftterm of bastertflok brûkt wurde kin. Hearken en hearkes komme dúdlikernôch ek fan Heare, lykas hearink. Halbertsma* neamt hearink in ‘klein vloekje’. Halbertsma wie dominy, as sa’nt hearink in lyts flokje neamt, faaks dat it der dan op troch kin. Ik doar it net te sizzen. It bliuwt in risiko. Faaks kinne je it better besykje mei ‘Och heedsjes’, mooglik dat de Heare dat gewurde lit.

*Syn portret op de thússide is skildere troch Willem Bartel van der Kooi en hinget yn it Frysk Museum.

Oare wike wer fierder.

febrewaris 7, 2024 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.