Doede Wiersma: Sâlt… sâlt…!

febrewaris 11, 2024 07:00 Fernijd

Oertinking

Doe’t ik jong wie, makke ik geregeld de berte fan in kealtsje mei. Soms rochele sa’n keal slim troch slimen yn ’e kiel. “Sâlt, sâlt!” rôp ús heit dan. En stroffeljend oer de klompen stode ien fan ús nei de keuken om sâlt. It keal krige in hânfol yn ’e kiel en dan wie it rocheljen gau wer oer. Sâlt wie efkes fan libbensbelang …
Foarhinne waard fleis en griente ynsâlte om as winterfoarried te tsjinjen. By it op smaak bringen fan iten is sâlt allyksa ûnmisber.
It docht dan ek gjin niget dat sâlt yn siswizen foarkomt, bygelyks: Freonskip is it sâlt by it libben, en: Wa’t it jild sâltet, jout it oan goede doelen (Joadsk).

Neffens Matteüs hat Jezus tsjin syn folgelingen sein: “Jimme binne it sâlt fan ’e ierde!” Soks wie oant dan noch nea tsjin minsken sein. It sil grif weromslaan op de sillichprizingen: sâlt binne minsken as se barmhertich en oprjocht binne, as se frede stichtsje en har ynsette foar de gerjochtichheid.

Yn syn byldferhaal seit Jezus: “As it sâlt syn sâltens kwytrekke is, wêr kin men it dan wer sâlt mei krije?” Leauwigen steane oanienwei oan ferlieding bleat. De tsjerke kin it mei de tiidgeast op in akkoartsje goaie. It kapitalisme fan it rike westen sûget minsken mei yn leech materialisme en leech genietsjen. Guon ferslokke har letterlik yn xtc, drugs, ensafuorthinne en oaren figuerlik mei’t se yn ’e stress sjitte of oerspand reitsje. Foar harren is ‘sâlt’ fan libbensbelang: Sâlt, sâlt!
‘Sâlt’ dat binne alle leave, oprjochte minsken dy’t it libben op smaak bringe.
It sâlt fan ’e ierde, dat heart de tsjerke te wêzen.

“Jou ’t ierdske libben rook en smaak,
dat is jim opdracht, dat jim taak,
jim binne ’t sâlt yn ’t iten.” (Fedde Schurer)

Lêze: Matteüs 5:13-15

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, útjûn by de KFFB.
febrewaris 11, 2024 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.