Wolven Aldeberkeap

jannewaris 16, 2024 09:00

Ynstjoerd

Yn Aldeberkeap is eangst ûntstien troch de oanwêzigens fan in keppel fan seis wolven yn natuerreservaat De Dellebuorsterheide (LC 10/1). De minsken dêr binne bang dat wolven njonken skiep ek minsken oanfalle sille, sjoen de reputaasje fan wolven yn it kollektyf ûnthâld (bgl. yn mearkes as Readkapke en lieten as De Dodenrit fan Drs. P.).

Lykwols, oer ’t generaal falle wolven gjin minsken oan. Sûnt der wolven binne yn Nederlân, binne der noch gjin deaden fallen en de kâns dêrop is lyts. Der is oant no ta ien gefal bekend fan de oanfal fan in wolf op in minske. Dat gie oer in skieppeboer yn it Drintske Wapse. Dy ûntduts in wolf dy’t opsletten siet by skiep yn in omfredige stikje lân. Doe’t er besocht om de wolf fuort te jeien, rekke it bist yn panyk en foel it de boer oan. Dy rekke licht ferwûne. (Of foel de boer de wolf oan?) De wolf socht doe syn heil ûnder in sinnepaniel. De boargemaster besleat om de wolf deasjitte te litten. Dat waard pas nei 2½ oere dien. In nuvere aksje, want hy hie witte moatten dat de wolf in beskerme bistesoarte is, dy’t allinnich deasketten wurde mei as der sprake is fan in aktueel feilichheidsrisiko. Dêr wie gjin sprake fan.

Hoe dan ek, it gefaar fan de wolf foar minsken is te ferwaarleazgjen. Mar fansels is der nammerste mear gefaar foar skiep. Dêrom is it wichtich om skiep mei hege (elektryske) stekken of roasters te beskermjen. Dat wurket op de Feluwe en yn Dútslân goed. Yn Italië helpt it goed om skiep te beskermjen mei spesjale hiemhûnen. Der is dus ek yn Aldeberkeap gjin inkelde reden om wolven ôf te sjitten.

Jehannes Elzinga, Frjentsjer

jannewaris 16, 2024 09:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.